Piip (smookark)
In piip is in ynstrumint om smeuljende tabak te konsumearjen (smoke). De piip bestiet yn essinssje út in langere of koarte stâle mei in komfoarmige hâlder (kop) foar de tabak.

De earste pipen waarden makke fan wytbakte klaai. Letter kamen der ek pipen yn porselein, merskûm en bruyêrehout (woartelhout fan de beamheide = Erica Arborea). Der binne in soad ferskillende modellen, ûnderferdield yn soarten en maten, dochs is der yn grutte linen in ûnderferdieling te meitsjen.
Klassike modellenBewurkje
Ta meast súksesfolle model yn de rin fan de tiden is de BILLARD. In rjocht of bûgde, strak útbalansearre model fan minimaal gewicht. Fanút dit basistype binne in bulte nuânses makke. Oare klassike basisfoarmen binne "POT", "DUBLIN " en "APPLE".
Moderne modellenBewurkje
Neist dat dizze in ôflate foarm hawwe fan de klassike modellen sjogge dizzen der wat sportiver út. Binne faak bûgd, hawwe in breed mûlstik, mar bliuwe foldwaan oan in estetysk ferantwurde útstrieling.
Sjoch ekBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Smoking equipment fan Wikimedia Commons. |