Pikkolofluit
De pikkolo of lytse fluit is de - net hielendal krekte, mar wol in soad brûkte - namme foar de sopranino-dwersfluit en wurdt krekt as de dwersfluit bespile troch dwers oer it mûlestik te blazen. De oarspronklike Italjaanske namme is: flauto piccolo. De pikkolo hat yn prinsipe deselde grepen as de dwersfluit. De pikkolo hat yn prinsipe ek itselde berik yn tal toanen (de leechste noat is ien toan heger as de standert leechste noat fan de dwersfluit), mar dan elke noat in oktaaf leger as de dwersfluit. Beide ynstruminten falle ûnder de C-ynstrumintegroep.