Pine Hollow Reservoir

Pine Hollow Reservoir is in opslachmar fan it wetter út de beken Threemile Creek en Pine Hollow Creek oan de eastlike helling fan it Cascadesberchtme yn Wasco County yn Oregon yn de Feriene Steaten. De opslachmar waard yn de 1960-er jierren boud foar it opslach fan irrigaasjewetter. Hy leit op lân dat yn priveebesit is 19 km noardwestlik fan Maupin op de grins fan it Mount Hood National Forest. De mar hat in totale kustline fan 5,1 km en fiskjen en iepenbier tagong is tastien oan de gânse kustline.

Pine Hollow Reservoir
geografy
type wetter opslachmar
lokaasje Wasco County, Oregon, Feriene Steaten
lân Feriene Steaten
steat Oregon
koördinaten 45° 14' 34" N 121° 17' 27" W
sifers
oerflak 919.000 m²
djiptegemiddelde 6,4 m
djipste punt 18 m
wetterfolume 5.900.000 m³
kaart
Pine Hollow Reservoir (Oregon)
Pine Hollow Reservoir
Lokaasje fan it Pine Holow Reservoir yn Oregon

De mar wurdt beheard troch Oregon Department of Fish and Wildlife, it Oregonske ministearje fan fisk en wyld, en it irrigaasjedistrikt. Njonken de mar leit it doarp Pine Hollow, dy't foa in grut part út fakânsjewenten bestiet, mar it ministearje hat in 3 meter brede stripe rjocht fan tagong om by de mar te kommen. De mar hat twa iepenbiere plakken dêr't boaten yn it wetter laden wurde kinne. Ek oan de mar is it kristlike jongereinkamp Camp Morrow[1], boatferhierbedriuwen en in winkel.

Fisken dy't yn de mar foarkomme binne ûnder oaren reinbôgeforellen, brune dwerchmarfallen, forelbearzen en blauwe bearzen.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. campmorrow.org
  2. Sheehan, Madelynne Diness (2005). Fishing in Oregon: The Complete Oregon Fishing Guide (10e edysje). Scappoose, Oregon: Flying Pencil Publications. siden 241–42. ISBN 0-916473-15-5.