Piper Cub


Rol Trener, ferkenningsfleantúch
Makker Piper Aircraft
Untwerper Clarence G. Taylor en Walter Jamouneau
Earste flecht 1938
Yn tsjinst 1938
Tal makke 19.888 (FSA), 150 (Kanada), 253 TG-8 gliders
fan 1938-1947
Farianten PA-15 Vagabond, PA-16 Clipper, PA-18 Super Cub

De Piper J-3 Cub is in lytse lichtgewicht fleanmasine foar twa persoanen, makke tusken 1938 en 1947 troch Piper Aircraft. It tastel wie yn 't earstoan ornearre foar it oplieden fan fleanders, mar waard ek tige wurdearre troch partkulieren. De Cub waard populêr fanwege syn ienfâld en relatyf lege priis. De namme 'Cub' is Ingelsk foar 'welp', it embleem fan de Piper Cub is sadwaande ek in bearewelpke. De Cub koe ek útrisd wurde mei driuwers of sky's. Ek krigen guon tastellen mânske bannen (saneamde toendrabannen) foar it lânjen op sân as oare ûnstabile grûn.

De ienfâldige cockpit fan in Piper Cub
J-3C-65 Cub

Foar de Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

It basisûntwerp fan de Piper Cub is út 1930, de Taylor E-2 Cub, boud troch Taylor Aircraft út Bradford yn Pennsylvania. Letter yn de jierren '30 gong Taylor Aircraft fallyt en naam Piper Aircraft it oer. Yn 1938 waard de nije J-3 Cub yntrodusearre dy't yn it plak fan de âlde E-2 komme soe. De tastellen jilden goed $1000 it stik.

Yn de Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldkriich die bliken dat de Cub ek in tige gaadlik tastel foar militêre doelen wie. Sy waarden in protte brûkt foar ferkenning, transport en somtiids sels, útrisd mei bazooka's ûnder de wjukken, foar oanfallen op grûndoelen. De militêre farianten fan de Cub wienen de L-4, O-59 en NE-1. De bynamme foar de militêre Cub waard grasshopper ('sprinkhoarne/hipper').

De militêre Cub, mei meast gruttere ruten, is brûkt troch in protte loftmachten, ûnder oaren de USAF (Feriene Steaten), de Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger en de Belgyske loftmacht).

Nei de Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Nei WO II waarden tûzenen militêre Grasshoppers sivyl registrearre mei de namme J-3. Yn 1949 presintearre Piper de Piper PA-18 Super Cub, in nijmoadrige fariant fan de J-3 Cub dy't oant 1981 makke wurde soe. De Super Cub krige in nije motor en de ruten waarden oanpast. Technysk feroare der ek in soad, ûnder oaren krige it in nij elektrysk systeem en flaps ûnder de fleugels. De Super Cub waard yn Nederlân brûkt troch de Keninklike Loftmacht en de Marine Loftfearttsjinst.

Spesifikaasjes (J3C-65 Cub)

bewurkje seksje
 
  • Bemanning: 1 piloat
  • Kapasiteit: 1 passazjier
  • Lingte: 6.83 meter
  • Spanwiidte: 10.74 meter
  • Hichte: 2.03 meter
  • Fleugeloerflak: 16,58 m²
  • Leechgewicht: 345 kg
  • Nuttige lading: 205 kg
  • Maksimale startgewicht: 550 kg
  • Motor: 1 Continental A-65-8 luchtkuolle fjouwersylindermotor, 65 hk (48 kW)
  • Topfaasje: 140 km/o
  • Krúsfaasje: 121 km/o
  • Berik: 354 km
  • Praktysk plafond: 3500 m
  • Klimfaasje: 2,3 m/s
  • Fleugelbelesting: 33,4 kg/m²
  • Fermogen: 11,35 kg/kW
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Piper Cub