Piramide fan Cheops
De Piramide fan Cheops of de Grutte Piramide (fan Gizeh), dy't datearret fan 'e perioade tusken 2580 en 2560 f.Kr., is de ienichste fan de sân klassike wrâldwûnders dy’t der hjoed de dei noch stiet. Yn 1311 waard de Katedraal fan Lincoln boud, dêrfoar wie de piramida fjouwer millenniums lang it heechste bouwurk (146 m) fan de ierde. De breedte is 230 meter en der binne likernôch 2,3 miljoen stiennen yn ferwurke dy’t sa’n 2300 kilo it stik binne. Neffens de skriften fan Herodotus ha se 20 jier dwaande west mei de bou. Ut modern ûndersyk docht bliken dat de piramide yndied yn 20 jier boud wurde kin.
By de piramide fan Cheops stean noch twa oare grutte piramides en twa lytsen. De grutte piramiden soenen boud wêze troch Cheops (of Choefoe), Chefren (of Khafra) en Mycerinus (of Menkaure). Neffens ûndersyk kin sein wurde dat de piramiden rûchwei yn it tiidrek 2551 en 2472 f.Kr. boud wurde binne. It seit himsels dat de piramide fan Cheops boud is troch Cheops dy’t as farao yn it tiidrek 2587 en 2564 f.Kr. oer it Alde Egypte hearske. De piramide wie ornearre as grêf en moast de heuvel foarstelle dêr’t de sinnegod Ra op stien hawwe soe doe’t er de oare goaden en godinnen skepen hie. It binne massive bouwurken mei in stabile konstruksje en dêrom stean se dêr hjoed hast noch like kreas by as fjouwer iuwen werom. De wite kalkstienlaach oan ‘e bûtenkant fan de piramide is fuorthelle yn de midsiuwen omdat se dy nedich wienen foar oare bouprojekten. De grutte piramde makket diel út fan in hiele rige bouwurken, ynklusyf lytsere piramiden.
1. Oarsponklike yngong 2. Yngong sûnt begjin 800 n.Kr. 3. Ferbiningsgong tusken op- en delgeand paad 4. Delgeand paad 5. Net foltôge ûndergrûnse keamer 6. Opgeand paad | 7. Keninginskeamer mei „luchtskacht“ 8. horizontale gong 9. Grutte gallery 10. Keningskeamer mei „luchtskacht“ 11. Keamer mei izeren falhikke 12. Boarne- of serviceskacht mei „grot“ |
Struktuer
bewurkje seksjeDe bou fan de piramide fan Cheops is oars as oare piramiden omdat dizze piramide trije grêfkeamers hat wylst oare piramides mar ien hawwe. Boppedat is de saneamde „grutte gallery” fan Cheops unyk foar yn in piramide. Dizze piramde hat mear keamers en gonkjes, dy’t tige krekt nei de ferskate himelrjochtingen wize. De piramide fan Cheops hat trije keamers:
- De rotskeamer ûnder de piramide moat neffens de gelearden de ûnderwrâld foarstelle.
- De keninginnekeamer, tusken de beide oare keamers yn.
- De keningskeamer, boppe-oan yn de piramide.
De yngong fan de piramide sit oan de noardside fan it bouwurk. Dy nije yngong is pas yn de 10e iuw n.Kr. makke. It plafond fan de âlde yngong wie troch ferskillende ierdskoddings delkommen en koe net mear brûkt wurde om binnen te kommen. Yn de keningskeamer is mei de bou rekken holden mei de swierte fan it plafond, dêr binne graniten blokken brûkt om de druk fan it plafond ôf te heljen. Tusken de graniten blokken boppe de keningskeamer sitte lytse romtes. De 'Grutte Galery' rint nei de keningskeamer ta en is hast 50 meter lang en hast 9 meter heech. Oan it begjin fan Grutte Galery is in horizontale gong nei de 'keninginnekeamer' ta. De gong is it langste stik mar 1,1 meter heech, krekt foar de keamer sels wurdt it gongkje 1,73 meter heech. De beide keningskeamers hawwe elk in dûbele luchtskacht, ien nei it noarden en ien nei it suden ta. Dêrmei ûnderskiedet de piramide fan Cheops him mei oare piramiden.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Great Pyramid of Giza fan Wikimedia Commons. |