Plym
De Plym is in rivier yn súd-Ingelân fan sa'n 30 km langte, dy't har namme jûn hat oan de stêd Plymouth yn it greefskip Devon.
De Plym ûntspringt op 450 m yn in sompige krite yn de hichten fan Dartmoor, dat Plym Head hjit. dêrwei rint de rivier sa'n bytsje nei it súdwesten nei Plymouth en mûnet dêr út yn de Plymouth Sound en it Kanaal. De namme Plym soe út it Aldingelsk komme en 'prûmebeam' betsjutte.