Plysjeskoalle
In plysjeskoalle is in ynstelling op it mêd fan ûnderwiis dêr't rekruten fan plysjetsjinsten har oplieding folgje. Fan 'e lju dy't har by sa'n ynstitút oanmelde, wurdt ornaris de eftergrûn neigien foar't se talitten wurde. Sa moat men yn Nederlân in ferklearring fan goed gedrach toane kinne en gjin strafblêd hawwe.
Oan 'e plysjeskoalle krije de learlingen sawol teory-ûnderwiis as praktykûnderwiis. It teory-ûnderwiis bestiet foar in grut part út 'e oerdracht fan kennis omtrint de wetten op it neilibjen wêrfan't de learlingen as plysje tafersjoch útoefenje moatte. It praktykûnderwiis hat te krijen mei it bybringen fan feardichheden op it mêd fan û.m. EHBO, autoriden, man-tsjin-mangefjochten, gebrûk en ûnderhâld fan fjoerwapens, en de-eskalaasje.
Yn 'e regel is sa dat oan in plysjeskoalle nea mear learlingen oplaat wurde as dat oan 'e ein fan 'e oplieding by in plysjekorps pleatst wurde kinne. It sil dus nea sa wêze dat in plysjeman nei it ôfrûnjen fan syn oplieding wurkleas rekket om't der in oerskot oan plysjes bestiet. Mocht der wol sa'n oerskot driigje te ûntstean, dan wurdt de opname fan nije rekruten oan 'e 'foarkant' fan 'e oplieding keard troch minder learlingen ta te litten ta de plysjeskoalle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |