Pogrom
It wurd pogrom (Russysk: погром; pogróm: 'brekke', 'slope, 'plonderje') wurdt brûkt foar oanfallen mei geweld op beskate groepen; etnysk, religieusk of oare soarten, dy't fral skaaimerke wurde troch de ferneatiging fan harren omkriten (huzen, bedriuwen, religieuske sintrums). Faak hawwe pogroms fysyk geweld tsjin en sels moard op in befolkingsgroep mei de bedoeling om dy groep te yntimidearjen en sa te ferdriuwen as te twingen har te assimilearjen.
Al yn de midsiuwen waarden der pogroms avant la lettre holden. Yn de 20e iuw wienen der ûnder oaren pogroms yn de eardere Sovjet-Uny, yn Poalen, yn Marokko yn Libië yn Jemen en yn nazi-Dútslân (de "Reichskristallnacht" yn 1938 mei 92 joadske deaden), yn en nei de Twadde Wrâldkriich.
Foar de fan de oerheid organisearre moarderij, lykas de Holocaust kin it wurd "pogrom" better net brûkt wurde.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pogroms fan Wikimedia Commons. |