Pokrovsky Kleaster (Charkov)

It Pokrovsky Kleaster (Oekraynsk: Покровський чоловічий монастир, Russysk: Покровский монастырь) of it Kleaster fan de Foarbea is in otterdoksk kleaster yn it histoaryske sintrum fan 'e stêd Charkov yn Oekraïne. De katedraal fan it kleaster is it âldste gebou fan 'e stêd en waard yn 1654 boud.

Kleaster fan de Foarbea
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Charkov
plak Charkov
adres Университетская, 8 (Universitetskaja 8)
koördinaten 49° 59' N 36° 13' E
Kleastergegevens
denominaasje Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou)
Ynformaasje bou
boujier 17e iuw-19e iuw
boustyl Oekraynske barok (katedraal)
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Pokrovsky Kleaster (Oekraïne)
Pokrovsky Kleaster

Skiednis bewurkje seksje

It kleaster waard by it eardere houten fort fan Charkov stifte yn 1726 troch Epifanius, biskop fan Belgorod. It fort foarme diel fan it systeem fan fêstings dat Súd-Ruslân beskermje moast tsjin de ynfallen fan 'e Krimtataren. De stifting fan it kleaster hold ferbân mei de ferhûzing fan it biskoplik collegium fan Belgorod nei Charkov, in ynstelling foar heger ûnderwiis dat oant 1817 bestie. In diel fan 'e muontsen joegen ûnderwiis yn it collegium, wylst oaren wurken op it lân of yn 'e mûnen en oare bedriuwsgebouwen.

 
Loftfoto.

It kleaster waard ferneamd nei de Foarbeatsjerke, de eardere parochytsjerke dy't al yn 1689 boud waard oan 'e noardlike kant fan it fort en mei in synodaal dekreet fan 1729 oan it kleaster ferbûn waard. Yn 1896 waard in nije, tolvekoepelige tsjerke ynwijd ta eare fan it Ozerjanska-ikoan fan 'e Mem Gods. Arsjitekt fan de foar otterdokse tsjerken seldsume, yn 'e boustyl fan in basilyk boude tsjerke wie Vladimir Christianovitsj Nemkin.

It orizjinele ikoan, dat as mirakuleus fereare waard, is yn de Sovjet-tiid ferlern gien. Yn 1920 waard it Pokrovskykleaster lykas alle kleasters fan it bisdom troch de bolsjewiken sletten en plondere. De gebouwen krigen ferskate funksjes, mar binne yn 1992 oan 'e Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou) werom jûn. It restauraasje- en rekonstruksjeproses nei de weromjefte waard yn 2003 foltôge.

Foarbeakatedraal bewurkje seksje

 
Foarbeakatedraal.

De Foarbeakatedraal fertsjintwurdiget de Oekraynske barok en stiet op it plak fan in houten foargonger út 1659. Unbekend is wa't de arsjitekt fan 'e katedraal west hat, mar de ynwijing fûn yn 1689 plak troch de metropolyt Abraham. Fan 1799-1846 wie de katedraal fan it kleaster ek de katedraal fan Charkov.

De struktuer fan 'e katedraal fynt syn oarsprong yn 'e houten, trijedielige tsjerken fan it lân. It gebou is te ferdielen yn in winter- (ûnder) en in simmertsjerke (boppe), dy't bekroand wurdt mei trije tuorren. De hichte fan de sintrale toer is 45 meter.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: