Ponzi systeem
In Ponzi systeem is in fraudeleus ynvestearingssysteem, namme nei Charles Ponzi.
By in Ponzi systeem wurde der ynvestearders of oare jildsjitters socht dy't in grut rendemint tasein wurdt. Dit rendemint wurdt bekostige mei de ynvestearings fan oaren. Mei elke ynvestearring wurdt de skuld dus grutter en faak stoart it systeem nei in skoftke yn. Troch it oerheljen fan ynvestearders om it útkearde jild wer op 'e nij te ynvestearjen bliuwt it jild yn it systeem. Sa lang as it jild yn it systeem bliuwt is de persoan dy't it systeem begûn is ryk.
Foarbyld
bewurkje seksjeIn advertinsje biedt hege rendeminten foar ynvestearings, bygelyks 20% rinte oer 40 dagen. It presise meganisme foar it beheljen fan dit rendemint kin fan alles wêze, sa lang as it mar net te spesifyk is en in protte taseit, sa as 'belizze mei heech rendemint'. Yn it begjin wannear't der noch gjin bewiis fan súkses is, binne der mar in pear ynvestearders dy't ferlaat wurde om lytse bedrachjes (bygelyks € 5000,-) te ynvestearjen. Nei 40 dagen krijt de ynvestearder de taseine € 6000,- werom. De ynvestearder rekket oertsjûge fan it súkses en stekt der mear jild yn. It súkses krijt al gau mear bekendheid en mear minsken stekke har jild deryn.
Yn it echt is it sa dat it 'rendemint' dat útkeard wurdt betelle wurdt troch oare ynvestearders en der hielendal net jild belein wurdt mei in heech rendemint. Wannear't ynvestearder D jild ynleit dan komt dat beskikber foar ynvestearders A, B en C. As ynvestearders X, Y en Z jild ynlizze dan kin it rendemint fan de ynvestearder A oant en mei W útbetelle wurde.
In reden dat it systeem sa goed wurket is dat de ynvestearders dy't betiid ynstapt binne (dyselden dy't de grutte bedraggen útkeard krije) it jild wer op 'e nij ynvestearje (yn it systeem hâlde) omdat it sa goed útbetellet. Dyselden dy't it systeem beheare hoege dus net folle jild út te beteljen, mar allinnich ferklearringen fan dizze ynvestearders rûn te stjoeren wêryn't se sizze hoe fantastysk goed as it wurket en hoe ferskuorrende ryk dat se wurden binne.
Nei in skoftke kinne der trije dingen barre: (a) de eigeners fan it systeem naaie út en nimme al it jild mei; (b) it systeem stoart yn ûnder har eigen swierte wannear't ynvestearrings ôfnimme en de eigeners problemen krije mei it útbeteljen fan de taseine rendeminten (en wannear se problemen krije rekket dat bekend en komme mear ynvestearders foar harren jild freegjen); of (c) it systeem wurdt bleatlein om’t it regear lucht fan de swindel kriget.