Leechstâl

(Trochferwiisd fan Potstâl)

In leechstâl of potstâl is in ienfâldige feestâl. Nei alle gedachten waard de leechstâl yn de 15e iuw ynfierd yn de súdlike Wâlden. It levere dong foar de ikkerbou op skrale grûn.

Bargen yn in nijmoadrige leechstâl

De kij stienen yn in rjochthoekige 'leechte' dy't fol dong rekke. De boer holp it proses troch der sa no en dan wat heideseadden of strie by te dwaan. Sa kaam it fee hieltiten heger te stean. At it mingsel in bepaalde hichte krigen hie, waard de stâl lege. De wyls goed oanstampte en ripe dong waard mei de wein sa út de leechstâl wei oer it lân riden.

Yn 1900 wienen yn Fryslân noch sa'n 1500 pleatsen mei in leechstâl, al wie it doe al net mear altiten mei de oarsronklike funksje. De leechstâl ferdwûn mei de opkomst fan de keunstdong. It wie doe ek dien mei it smoarge ûnhygiënyske melken yn de leechstâl.

It prinsipe fan de potstâl wurdt net folle mear tapast. Hjir en dêr binne se noch te finen yn skiepkoaien en by de biologyske feehâlderij.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: