Powiat
In powiat is it twadde bestjoerlik nivo yn Poalen en stiet boppe de gmina. In powiat is ûnderdiel fan in gruttere województwo (in soarte fan provinsje). It komt rûchwei oerien mei in greefskip, distrikt, arrondissemint of prefekt yn oare lannen. Der binne 379 powiats, wêrfan't 314 lânpowiats en 65 stêdspowiats binne (2009).
De 65 stêdspowiats hawwe de status powiat grodzki, bygelyks Warsjau, Gdańsk, Kraków, Poznań en Wrocław. Dy stêden falle net ûnder in oare powiat, it binne stêden mei selsbestjoer (in stêdsdistrikt). De stêden hawwe meastentiids mear as 100.000 ynwenners.