Prisma (optika)
Faak wurdt mei prisma yn de natuerkunde in trijehoekich prisma bedoeld, makke fan in transparant materiaal (bygelyks glês). Sa'n foarm wurdt yn de spektraalanalyze brûkt om ljocht fan ferskillende golflingten yn ferskillende rjochtingen ôf te bûgen (dit bart omdat de brekkingsyndeks fan it materiaal ôfhinklik is fan de golflingte) om sa ienfâldich it spektrum besjen te kinnen.
Simpele defenysje: In prisma is in trochskinend donker foarwerp dat bestiet út trije net lykstrekige grinsflakken.
In alternative manier om in spektrum te meitsjen is mei help fan in traalje.
In oare tapassing fan prisma's makket gebrûk fan de totale refleksje as it ljocht ûnder in grutte hoeke úttreedt. Soksoarte prisma's wurde ûnder oaren brûkt yn prismakikers en spegelreflekskamera's.