Pro Juventute is in yn 1912 oprjochte fâdijferiening. Nei 1954 is PJ benammen dwaande mei werving, foarljochting en begelieding fan gesinsfâden. Nei de reorgainisaasje fan de fâdijrieden krige se in eigen buro yn Ljouwert en waard de gesinsfâdij de haadtaak. Dizze waard benammen útfierd troch it jaan fan kursussen foar frijwilligers, it hâlden fan kontaktjûnen en it organisearjen fan ekskurzjes. Foarútrinnend op in neistribbe fúzje tusken alle jeugdbeskermingsynstellings, waard in gearwurkingsferbân oangien mei "Kinderzorg Friesland", wylst de feriening in wichtige ynbring hie by in mienskiplike opset fan it advyswurk. "Kind en U" wie it ferieningsorgaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: