Projekt Laurens Jz. Coster
It Projekt Laurens Jz. Coster (neamd nei de Haarlimmer Laurens Janssoan Coster) wie in frijwilligersprojekt foar de digitalisearring fan rjochtefrije Nederlânsktalige teksten, analooch oan it Amerikaanske Projekt Gutenberg. De earste ferzje fan it projekt wie te finen yn De Digitale Stad.
Sûnt 2001 binne gjin teksten mear taheakke. De âlde digitalisearre teksten binne noch wol te rieplachtsjen. De digitalisearring fan Nederlânsktalige teksten is fuortset troch de Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren. De webside fan it projekt is opslein by de Universiteit fan Amsterdam.