Projekt Z (bommesmiter)

It Projekt Z (ek wol it "Z Bommesmiterprojekt" neamd) wie in militêr projekt fan it Keizerryk Japan, ferlykber mei it Nazi-Dútske Amerikabomber-projekt, om in ynterkontinentale bommesmiter te ûntwerpen dy 't de westkust fan Noard-Amearika berikke koe.

De Nakajima G5N, dêr't seis fan makke waarden

De plande fleantugen

bewurkje seksje

It Projekt Z-fleantúch soe seis motors fan 5.000 hk (3.700 kW) krije; de Nakajima Fleantúchmaatskippij (Nakajima Hikōki) sette al gau útein mei de ûntwikkeling fan motoaren en stelde twa Nakajima Ha-44 motors foar (de krêftichste fleantúchmotor dy 't op dat stuit yn Japan te krijen wie). [1]

Der waarden ûntwerpen foarlein oan it Keizerlike Japanske Leger, wêrûnder de Nakajima G10N, Kawasaki Ki-91 en Nakajima G5N. Alinne de G5N, ûntwikkele him fierder as prototypen of wyntunnelmodellen. Letter yn de oarloch waarden Project Z en oare swiere bommesmiterprojekten annulearre, lykas in soad oare projekten dy 't doe yn de As-lannen útfierd waarden.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Horn, Steve (2005). The Second Attack on Pearl Harbor: Operation K and Other Japanese Attempts to Bomb America in World War II. Naval Institute Press. s. 265. ISBN 978-1-59114-388-8.