Providence (Rhode Island)
Providence is de haadstêd en grutste stêd fan de Amerikaanske steat Rhode Island. De stêd hie yn 2000 173.618 ynwenners. It is ek de op ien nei grutste stêd yn Nij Ingelân (nei Boston). De stêd leit oan de mûning fan de rivier de Providence yn de Narragansettbaai.
Providence | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Rhode Island | |
County | Providence | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 178.042 (2010) | |
Oerflak | 53,1 km² | |
Befolkingsticht. | 3.841,7 / km² | |
Stêdekloft | 1.630.956 | |
Hichte | 23 m | |
Oar | ||
Tiidsône | EST (UTC-5) | |
Simmertiid | EDT (UTC-4) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
http://www.providenceri.com |
De namme "Providence" sit ek yn de offisjele namme fan de steat: Rhode Island and the Providence Plantations.
Skiednis
bewurkje seksjeDe koloanje waard yn 1636 stifte troch Roger Williams, en wie ien fan de oarspronklike trettjin koloanjen. Williams hie it gebiet kocht fan de Narragansett yndianen. Hy neamde de delsetting "Providence", wat yn it Frysk 'foarsjennichheid' betsjut. Hy woe mei dy namme de Foarsjennichheid fan God earje. Williams makke fan Providence in útwykplak foar ferfolge religieuze dissidinten, neidat er sels ferbanne wie troch de Puriteinen út de Massachusettsbaai Koloanje.
Yn de Amerikaanske Revolúsje wienen de kolonisten yn Providence solidêr mei it ferset tsjin de Britske kroan, mar sy koenen besetting troch Britske troepen foarkomme.
Nei de Unôfhinklikheidsferklearring rjochte Providence him foaral op de tekstylproduksje, mar der wie ek oare yndustry. Tsjinstferliening is ein 20e iuw hieltyd ekonomysk wichtiger wurden.
Demografy
bewurkje seksjeFan de bevolking is 10,5 % boppe de 65 jier en bestiet foar 32,3 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berint 5,4 % (sifers folkstelling 2000).
Likernôch 30 % fan de befolking fan Providence bestiet út hispanics en latino's, 14,5 % is fan Afrikaanske oarsprong en 6 % fan Aziatyske oarsprong.
It ynwennertal gie omheech fan 160.281 in 1990 nei goed 178.000 yn 2010.
Underwiis
bewurkje seksjeDe Brown Universiteit, ien fan de Amerikaanske Ivy League-universiteiten, is festige yn Providence. Fierders hat de stêd de Rhode Island School of Design (RISD) mei dêrby it Rhode Island School of Design Museum. De Universiteit fan Rhode Island, de Johnson & Wales Universiteit, it Providence Kollezje en it Rhode Island Kolleezje hawwe ek kampussen yn de stêd.
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeProvidence leit oan de 'Noardeast Korridor' van Amtrak, dy't de stêd in flugge ferbining jout mei Boston (reistiid 40 minuten), New York City (3 oeren) en Washington D.C. (6:30 oere).
Providence leit ek oan de Interstate 95, in autosnelwei dy't part is fan it Interstate Highway System. Dy dyk ferbynt Providence mei Boston en New York City.
Theodore Francis Green State Airport (T.F Greene Airport) is de lofthaven fan Providence. It fleanfjild wurdt ek in soad brûkt troch passazjiers út Massachusetts, dy't besuden Boston wenje.
Klimaat
bewurkje seksjeJannewaris hat in trochsneed temperatuer fan -2,3 °C, yn july is dat 22,6 °C. Jierlikse delslach is trochstrings 1156,5 mm (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).
Stedsbyld
bewurkje seksje-
Kapitool fan Rhode Island
-
De ferneamde koepel fan it Kapitool
-
Haadkertier Textron
-
Haadkertier Cookson Electronics