Pubrock
Pubrock wie in rockmuzyksjenre dy't him yn de 70-er jierren yn Ingelân ûntwikkele, mei as pyk de jierren fan 1972 oant 1975. It wie in muzykstreaming dy't werom grypte op de woartels fan de popmuzyk yn de jierren 60. Pubrock wie in reaksje op de 'progressive' en glam rock dy't yn dy tiid opjild die. Alhoewol't de streaming it mar in koarte perioade úthâlde soe, is it har wol slagge live rock wer werom te bringen fan de stadions en grutte teaters nei de pubs en clubs lykas yn de begjintiid fan de pop. Jonge bands profitearden fan de live-kultuer: Der wiene in soad plakken dêr't se optrede koene, ek sûnder stipe fan in platemaatskippij. Pubrock wurdt sjoen as in katalisator foar de Britske punk rock.