Punysk skrift
It Punysk skrift is in útwreiding fan it Fenisysk alfabet, dy't brûkt waard om yn de Punyske taal te skriuwen. Der wurde lykwols twa farianten fan ûnderskaat:
- It Aldpunysk skrift; it tradisjoneel skrift dat benammen brûkt waard foar ynskripsjes yn bygelyks monuminten.
- It Nijpunysk skrift; dat in mear kursive foarm hie, en waard foar alle oare dingen brûkt .
It Punysk skrift waard oant de fjirde iuw n.Kr. brûkt, dêrnei't it ferfongen waard troch it Latynsk alfabet.
Letters
bewurkje seksjeIt Punysk skrift befette 22 konsonanten, lykas it Fenisysk alfabet. It Punysk skrift like in soad op it Fenisysk alfabet, mar fan guon letters ferskilden justjes de útspraak mei dy fan it Fenisysk alfabet.
Ortografy | Namme | Transliteraasje | Utspraak | Opmerkings | ||
---|---|---|---|---|---|---|
Nijpunysk | Fenisysk | |||||
𐤀 | ʾalp letter ʾalf | ʾ | ʔ | Ek wol brûkt om fokalen mei oan te tsjutten. | ||
𐤁 | Bēt | b | b | |||
𐤂 | Gaml | g | g | |||
𐤃 | Dalt | d | d | |||
𐤄 | He | h | h | Under Romeinske ynfloed gauris fuortlitten, mar waard noch hieltyd útsprutsen yn guon Karthaachske wurden. | ||
𐤅 | Waw | w | w | Ek wol brûkt foar de oantsjutting fan de fokaal "u". | ||
𐤆 | Zēn | z | z | Yn guon nammen mei "sd" brûkt, lykas yn Hasdrubal foar "ʿazrubaʿl", "esde" foar heze ("dit", brûkt yn guon Punyske dialekten), mar meast teksten befetsje in "s": "syt" foar zut ("dit", yn Letpunysk) | ||
𐤇 | Ḥet | ḥ | ħ | Komselden brûkt asin fokaal foar "a, e, i, o, u", it klanklûd fan Het wie sêfter, en wurden waarden ynstee dêrfan ornaris mei de letter Alf yn Letpunyske ynskripsjes skreaun. | ||
𐤈 | Ṭet | ṭ | tˤ | |||
𐤉 | Jod | y | j | Ek wol brûkt foar it oantsjutten fan de fokaal "i" dochs almeast yn nammen om utens. | ||
𐤊 | Kap | k | k | Guon wurden yn Latynske oersettings, dy't einigje mei Kof, show a spirantisaasje as χ, skreaun mei in "h" ynstee fan de gewoanlike "ch". | ||
𐤋 | Lamd | l | l | |||
𐤌 | Mēm | m | m | |||
𐤍 | Nūn | n | n | |||
𐤎 | Semk | s | s | |||
𐤏 | ʿēn | ʿ | ʕ | Gauris brûkt foar de fokaal "a" en "o" yn Letpunysk, almeast foar Latynske nammen. | ||
𐤐 | Pi letter Fi | p f |
p f |
yn Letpunysk en yn Letfenisysk, p (p) dy't frikatifisearre waard ta f (f) yn de tredde iuw f.Kr.. | ||
𐤑 | Tsade | ṣ | /sˤ/ | Brûkt as "ts" almeast as "s" in Latynske, Aldgrykske, Hettityske, Lydyske en Etruskyske teksten. Brûkt yn guon Latynske teksten as "st". | ||
𐤒 | Qop letter Qof | q | q | |||
𐤓 | Rūš | r | r | |||
𐤔 | Sjin | š | ʃ | |||
𐤕 | Taw | t | t |