Putter Stoomgemaal

It Putter Stoomgemaal is in gemaal yn de polder Arkemheem noardwest fan Putten.

westkant Putter Stoomgemaal
súdkant Putter Stoomgemaal
Elektrysk gemaal. Op de eftergrûn de skoarstien fan it stoomgemaal

It gemaal is yn juny 2006 fannijs iepene nei in perioade fan 35 jier stilstân. Yn 1971 is de funksje fan dit gemaal oernomd troch in tichtby yn de dyk makke elektrysk gemaal. Yn 1980 hat it Wetterskip dit gemaal út 1885 ferkocht. Yn de mande mei in groep frijwilligers hawwe de eigeners it gemaal stikje by bytsje wer yn âlde gloarje werom brocht.

De seepolder Arkemheen bestiet sûnt 1356 en bestiet út twa gedielten, de Putter polder mei in oerflakte fan ± 1500 ha. en de Nijkerker polder, skieden troch de Arkerfeart. Eartiids waard de wetterstân fan de polders regele mei kearslûzen. Yn 1874 waard dizze frije ôfwettering ferfongen troch bemealing mei wynmûnen: de Putter-en de Nijkerker Wynmûne. Dizze wynmûnebemealing hat oant 1886 duorre doe't it Putter stoomgemaal, boud op de fûneminten fan de ôfbrutsen wynmûne, yn bedriuw nomd waard. By it gemaal wie in masinistewening boud. It gemaal hat oant 1971 wurke, dêrnei hat in nij boud elektrysk oandreaun fizelgemaal de bemealing oernomd.

Yn 1976 kaam it gemaal op de list fan beskerme Ryksmonuminten. Nei 1972 is it gemaal ferhierd en dêrnei yn 1980 troch de hjoeddeiske eigeners, Willem en Marja van de Klok, kocht mei as doel bewenning en restauraasje. Yn 2000 folge mei help fan de feriening Freonen fan it Nijkerkse stoomgemaal Hertog Reinout, in renovaasje dy't op 16 juny 2006 klear wie.

Technyske gegevens

bewurkje seksje

It oarspronklike stoomgemaal hie in mei koalen stookte ien-treks Cornwall tsjettel, fabrikaat Bakker & Rueb út Breda. Dizze tsjettel moast nei in dyktrochbrek yn 1916, mei as gefolch 60 sm. sâlt wetter yn it gemaal, ferfongen wurde. Hjirfoar kaam in koalen stookte trije-treks spartsjettel, fabrisearre yn 1949 troch Ten Horn yn Veendam. De stoommasine is in horizontale 1-silinder ekspânsjemasine, fabrikaat Sepp & Co.- Ynskedee út 1885 mei in fermogen fan 18 pk by in toerental fan 65 omw/min. De oerbringing nei it skeprêd bart mei jitizeren kaamrêden. It skeprêd hat 20 blêden en hat in trochsneed fan 6,0 m by in breedte fan 1,10 m. De kapasiteit, by 4,9 omwintelingen yn de minút en in maksimale opfierhichte fan 1,10 m., bedraacht 75 m3/min.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: