Queens Park Rangers FC
Queens Park Rangers (faak ôfkoarte ta QPR) is in Ingelske fuotbalklup út Londen. De klup is oprjochte yn 1886 troch it meiïnoar gean fan de klups St Jude's en Christchurch Rangers. De klup spilet har thúswedstriden op Loftus Road en spilet yn de heechste difyzje fan Ingelân.
Queens Park Rangers Football Club | ||||||||||||||||||||||||||||
Loftus Road Stadium | ||||||||||||||||||||||||||||
Oprjochte | 1886 | |||||||||||||||||||||||||||
Plak | Londen | |||||||||||||||||||||||||||
Stadion | Loftus Road | |||||||||||||||||||||||||||
Kapasiteit | 19.100 | |||||||||||||||||||||||||||
Foarsitter | Amit Bathia | |||||||||||||||||||||||||||
Trener | Mark Warburton | |||||||||||||||||||||||||||
Kompetysje | Barclays Premier League | |||||||||||||||||||||||||||
|
Skiednis
bewurkje seksjeQPR waard in profesjonele fuotbalklup yn 1889 en spile oant it seizoen 1933/1934 ta yn meardere stadions, foar't se op Loftus Road begûnen te spyljen fan 1917 ôf.
Yn it seizoen 1960/1961 behelle QPR har grutste oerwinning oait. De wedstryd tsjin Tranmere Rovers einige yn 9-2. Yn it seizoen 1966/1967 spile QPR yn de tredde difyzje fan it Ingelske fuotbal en waard doe kampioen. Yn dat suksesfolle seizoen wûn it ek de League Cup en waard dêrmei de earste klubp út de tredde difyzje dy't dêryn slagge. Yn de finale waard West Bromwich Albion nei in 0-2 efterstân mei 3-2 ferslein.
Sportive súksessen
bewurkje seksjeDave Sexton is de bekendste trener fan QPR. Yn it seizoen 1975/1976 behelle hy mei de klup in twadde plak yn de Premier League achter Liverpool. De wichtichste spiler fan dat team wie Gerry Francis. Yn 1977 wiksele Sexton fan klup. Hy gie nei Manchester United, en twa jier letter degradearre QPR. Yn 1982 helle de klup de finale fan de FA Cup, mar ferlear de return mei 1-0 fan Tottenham Hotspur, nei't de earste wedstryd yn 1-1 einige. In jier letter, ûnder lieding fan Terry Venables, kaam de klup werom op it heechste nivo. Yn it seizoen dat folge, slagge Venables deryn om mei QPR liifsbehâld feilich te stellen, en gie nei it grutte Barcelona.
Yn de jierren dy't folgen, wie it in kommen en gean fan ferskate treners. Grutte súksessen kamen dêr net, mar de klup degradearre tenminsten net. Yn it earste seizoen fan de nije Premier League (foarhinne Division One) einige QPR op in kreas fiifde plak, wêrmei't it heger einige as alle oare Londenske klups. Dernei gie it hieltiten sljochter en doe't de klup Les Ferdinand ferkocht, degradearren de Queens Park Rangers úteinlik dochs yn it seizoen 1995/1996.
Sportive swierrichheden
bewurkje seksjeIt seizoen dernei like de klup opnij te degradearjen, mar dat waard mar krekt foarkommen. Troch in negative finansjele sitewaasje dienen de Queens Park Rangers in pear jier letter dochs in stapke leger. It earste seizoen yn de tredde difyzje, wêr't se dat jier ynkommen wienen, einige de klup op it achtste plak. Dêrtroch mocht QPR krekt net oan de play-offs om promoasje nei de twadde difyzje meidwaan. Yn it seizoen 2002/2003 helle de klup lykwols wol de play-offs, mar wie Cardiff City yn de finale mei 1-0 te sterk. Der bestiet in ferhaal dat belangrike minsken fan Cardiff City opsetlik it brânalaarm ôfgean lieten yn it hotel wêr't de spilers van QPR de nacht foar de finale trochbrochten. Dêrtroch soene dizze spilers wurch oan de ôftraap ferskine.
It paad omheech
bewurkje seksjeIt seizoen dernei wie it earste súksesfolle seizoen foar QPR yn jierren. Se promovearden wer nei de Football League Championship, de twadde difyzje van Ingelân. Ek yn die kompetysje die de klup it aardich. Nei in flitsende start fan it seizoen tocht elkenien dat QPR nei de Premier League promovearje soe. De klup einige lykwols op in teloarstellend alfde plak. De jierren dernei bleaunen se rûn datselde plak skommeljen. Yn febrewaris 2010 wie it foarsitter Flavio Briatore dy't de klup ferliet, wêrnei't Ishan Saksena syn taak oernaam. Oan it einde fan seizoen 2010/2011 waard de klup knap kampioen fan de Football League Championship. Troch in 2-0 oerwinning op Watford FC mocht QPR de beker yn hannen nimme, en wie it nei sechtjin jier ôfwêzigens werom op it heechste nivo. Yn augustus waard bekend makke dat de klup oernaam waard troch de Maleisyske sakeman Tony Fernandes. Yn it earste seizoen dat QPR werom wie yn de Premier League, slagge it mar krekt om degradaasje te foarkommen. Yn in uterst belangrike wedstryd wûn Manchester City nei in 1-2 efterstân, mei 3-2 van QPR troch twa doelpunten yn de blessueretiid. QPR kaam mei de skrik frij, om't Bolton Wanderers nei in 2-2 lykspul tsjin Stoke City op 36 punten kaam en dêrmei, yn plak fan QPR, dy't 37 punten hie, degradearre.
Fertsjinsten
bewurkje seksjeLeague Cup
- 1967
Brugse Metten
- 1977
Football League Championship
- 2011
Rekords
bewurkje seksjeOer alles
bewurkje seksje- - Romste thúsoerwinning: Queens Park Rangers - Tranmere Rovers 9-2; Third Division (3 desimber 1960)
- - Romste útoerwinning: Brann Bergen - Queens Park Rangers 0-7; UEFA Cup (29 septimber 1976)
- - Grutste dûbele útslach: Queens Park Rangers - Slovan Bratislava 8-5 (3-3 en 5-2); UEFA Cup (1976)
- - Measte doelpunten yn ien seizoen: 111 doelpunten; Third Division (1961/1962)