Quim Torra
Joaquim Torra i Pla (Blanes, 28 desimber 1962), bekend as Quim Torra, is in Spaansk politikus, abbekaat en redakteur út Kataloanje. Torra is in lid fan it Katalaanske parlemint en de hjoeddeistige presidint fan Kataloanje.
Quim Torra | ||
politikus | ||
echte namme | Joaquim Torra i Pla | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
bertedatum | 28 desimber 1962 | |
berteplak | Blanes | |
partij | ûnôfhinklik | |
Presidint fan de Generaliteit fan Kataloanje | ||
amtsperioade | 2018 – no | |
foargonger | Carles Puigdemont |
Torra waard berne yn 1962 yn Blanes en studearre ôf op de Autonome Universiteit fan Barselona. Dêrnei gie er de wrâld fan it rjocht yn. Hy wurke tweintich jier as abbekaat en manager foar in multynasjonaal fersekeringsbedriuw. Dêrnei begûn er syn eigen útjouwingsbedriuw. Letter krige er wichtige funksjes yn it bestjoer fan Barselona en de Generaliteit fan Kataloanje.
Hy is in foarstanner fan Katalaanske ûnôfhinklikens. Torra hat wichtige funksjes beklaaid yn ferskate pro-ûnôfhinklikensorganisaasjes, lykas it Òmnium Cultural en Assemblea Nacional Catalana. Hy waard keazen ta it Katalaanske Parlemint by de regionale ferkiezingen fan as kandidaat foar Junts per Catalunya. Yn maaie 2018 waard Torra ferkeazen as 131e Presidint fan Kataloanje[1], nei't Spaanske hôven trije oare kandidaten blokkearre hienen. Dêrmei waard er de opfolger fan Carles Puigdemont.
Persoanlike libben
bewurkje seksjeTorra is troud mei learares Carola Miró. Sy ha trije bern, twa dochters en in soan.
Keppelingen om útens
bewurkje seksje- Catalan Parliament profile It profyl fan Torra op de webstee fan it Katalaanske Parlemint
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |