Quincy Anton Promes (Amsterdam, 4 jannewaris 1992) is in Nederlânsk profproffuotballer dy't trochstrings as oanfaller spilet. Hy ferruile yn febrewaris 2021 Ajax foar Spartak Moskou, dat sa'n 8,5 miljoen euro foar him betelle, eksklusyf eventuele bonussen. Earder kaam er út foar FC Twinte, Go Ahead Eagles, en Sevilla. Promes debutearre yn 2014 yn it Nederlânsk alvetal dêr't er oant 2021 fyftich kear foar útkaam en sân kear foar skoarde. Yn de simmer fan 2020 wie Promes belutsen by in stekpartij, yn 2023 wurdt er by ferstek feroardiele ta 18 moanne finzenisstraf. Dêrneist rint der noch in strafsaak tsjin de fuotballer fanwegen fertinking fan belutsenens by smokkel fan 1300 kg kokaïne.[1][2]

Quincy Anton Promes
Quincy Promes (2022)
Quincy Promes (2022)
persoanlike bysûnderheden
namme Quincy Anton Promes
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 4 jannewaris 1992
berteplak Amsterdam
etnisiteit Surinaamsk-Kreoalsk
klupskiednis
spilet by Spartak Moskou
rêchnûmer 24
posysje oanfaller
jeugdteams
2002-2008
2008-2009
2009-2012
AFC Ajax
HFC Haarlim
FC Twinte
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
2012-2014
2012-2013
2014-2018
2018-2019
2019-2021
2021-No
FC Twinte
Go Ahead Eagles
Spartak Moskou
Sevilla
AFC Ajax
Spartak Moskou
32(11)
32(13)
115(59)
33(2)
39(18)
45(20)
nasjonaal team
2014-2021 Nederlân 50(7)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL