Rûgebal (Equisetum arvense) is in plant út de rûgebalfamylje (Equisetaceae). De plant wurdt ek wol 'biezemke', ‘hyndersturt’, ‘hynstesturt’, ‘rottesturt’ 'kwadernaat', ‘útlûker’’ of 'ûnjer' neamd. It is in maksimaal 40 sm hege fêste plant.

Rûgebal
Stâle
Fertile foarm fan rûgebal

Yn de maitiid ferskine der blêdgrienleaze stâlen mei spoare-ieren op de top. De ynfertile (net-fruchtbere) stâlen ferskine dêrnei ûngefear twa wiken letter as de fertile stâlen oan it fertoarjen binne. De ynfertile stâlen hawwe in holte dy’t lytser is as in treddepart fan de trochsneed fan de stâle. De sydtûken steane yn krânsen om de stâle, dy ’t op dy plakken in stâleskie hat mei seis oant tolve tosken. De yn krânsen steande blêden besteane út lytse skobben, wêrby ’t de blêdskieën foar it grutstepart mei elkoar fergroeid binne ta in stâleskie. It earste lid fan de sydtûken is folle langer as de byhearrende stâleskie, dit yn tsjinstelling mei wat it gefal is by de lidrusk. De stâle hat maksimaal seis ribben.

Fersprieding

bewurkje seksje

De plant ferspriedet him mei spoaren dy ’t útgroeie ta in protallium of foarkym, wêrnei’t de befruchting barre kin. Allinnich op iepen grûn slagget dizze foarm fan fuortplanting. It soarte makket ek in soad woartelstokken dy’t djip de grûn yngeane en horizontale sydsprantels foarmje.

It soarte komt yn alle miljeus foar. De protallia kinne allinnich kymje yn iepen, wiete en net al te fiedselrike grûn, mar de plant kin him goed hanthavenje yn oare miljeus.

Rûgebal is in kosmopolyt fan de matige en kâlde streken fan it noardlik healrûn. It is in lid fan de groep planten dy’t foar it ferskinen fan de moderne planten de ierde dominearre. Soartegenoaten groeiden út ta tsientallen meters hege 'beammen' dy’t foar it meastepart de hjoeddeiske stienkoallagen foarmen. Yn it tiidrek fan de dinosauriërs wie dizze plantegroep de meast foarkommende. De plant is in oerlever en wie de earste dy’t nei de útbarsting fan de fulkaan Mount St. Helens wer fêste foet op de hellingen krige. Ek op yndustryiele terreinen mei swiere fersmoarging of útbrûkte en swier gearpakte grûn is de plant faak de earste dy’t komt of de lêste dy’t ferdwynt.

Rûgebal kin syn groeiplak dominearje. Rûgebal is foar bepaalde planten fergiftich. De plant dijt op ôffalbulten fan slakken. De swiere metalen binne foar in soad planten fergiftich, mar rûgebal slacht se op yn it eigen weefsel, wêrtroch’t de plant mear swiere metalen befettet as de boaiem.

Rûgebal is lestich te bestriden. De woartelstokken groeie meters djip de grûn yn en fersprantelje harren dêrnei bot yn it horizontale flak.[1] Se brekke maklik en slane yn de groei in fiedingsfoarrie op. By skoffeljen of ploegjen wurde de woartelstokken yn lytse stikken brutsen dy ’t fannijs útrinne sille. Dêrtroch is masinaal of mei de hân weiheljen hast ûnmooglik. De plant is resistint tsjin in soad gemikalyën. Dizze eigenskippen soargje derfoar dat it soarte as in steech ûntúch beskôge wurdt.

De plant kan net goed oer ticht skaad en tichte beplanting is dan ek in brûkbere manier om him ûnder kontrôle te hâlden. De plant groeit it bêste op fochtige, fiedingsearme en soere grûn. Drainaazje, bedonging en tafoegjen fan kalk wurde dan ek wol oanjûn om yn spesifike omstannichheden de plant te ferswakjen en ûnder kontrôle te hâlden. Rûgebol yn de tún jout oan dat de grûn net fruchtber is.

Troch de 'Nederlandse Maatschappij ter bevordering van Nijverheid' yn Haarlim waard yn 1836 in sulveren medalje takend oan de boer Hendrik Jonk út Wijdewormer. Dy hie sûnt 1813 de rûgebal op syn pachtgrûn bestride mei in lânrol of wentel, lutsen troch in hynder. Troch dizze duorjende bewurking wie de plant úteinlik ferdwûn, en hie hy in sûne greide krigen.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oersetten fan de Nederlânsktalige Wikipedia: nl:Heermoes.

  1. E.J Weeda, R Westra, Ch. Westra en T. Westra: Nederlandse Oecologische Flora, diel 1. Amsterdam 1985. ISBN 9063010184 blz. 21-22.
  2. Opgaaf van een middel ter uitroeiing van het onkruid unjer of heermoes door Hendrik Jonk ...Gearchiveerd op 20 juli 2023.