In rak fan ûngemak is in stik fan in stream dêr't men oerstaach gean moat as men tsjin de stream op sile wol.

It wurd rak wurdt hjoed-de-dei brûkt foar dy stikken dy't rjochtút gean, dêr't sile wurde kin sûnder de silen te feroarjen, mar it soe kinne dat it yn it ferline ek brûkt waard foar in punt dêr't de boat in rjochte hoeke meitsje moast.

Yn alle gefallen, by it oerstaach gean giet de gong der út en de boat wurdt troch de wyn wat werom treaun. Om't men yn in rak fan ûngemak ek noch troch de stream tebek set wurdt, kin it wêze dat de boat al hin en wer krúst, mar dat de hichte dy't wûn wurdt op de slach by it oerstaachgean wer ferlern wurdt. Of dat men by in hoeke safier tebek set wurdt dat de hoeke net mear besylber is, en men op 'e nij oerstaach moat om hichte te winnen.

Op dizze wize kin men yn in rak fan ûngemak al sile, mar it kin likegoed net besyld wurde.

Om't de wyn hjir it meast út it súdwesten waait, binne farwetters mei stream út likernôch it súdwesten faak (hast) net besylber. By farwetters dêr't ek noch in hoeke yn sit, of in meänder, jildt dat sels foar in grutte fariaasje fan rjochtingen. Guon fan dizze hast unbesylbere stikken hawwe dan ek "Rak fan Ungemak" as namme. Ien sa'n Rak fan Ungemak is in part fan De Boarn by Jirnsum, in oar Rak fan Ungemak is in part fan de Ryn by Wyk by Duerstede.