Raleigh (Noard-Karolina)
Raleigh is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Noard-Karolina en ek it haadplak fan Wake County. De stêd hie 405.791 ynwenners yn 2009.
Raleigh | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Noard-Karolina | |
County | Wake (en Durham) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 403.892 (2010) | |
Oerflak | 375 km² | |
Befolkingsticht. | 1.097,17 / km² | |
Stêdekloft | 1.130.490 | |
Hichte | 96 m | |
Oar | ||
Stifting | 1792 | |
Tiidsône | East (EST) (UTC-5) | |
Simmertiid | EDT (UTC-4) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
(in) Offisjele webside Raleigh |
Skiednis
bewurkje seksjeDe lokaasje Raleigh waard yn 1788 keazen as it plak foar de nije haadstêd fan Noard-Karolina en waard yn 1792 stifte as nij haadplak foar de steat en de county. It plak waard novimber 1792 ferneamd nei Sir Walter Raleigh, kolonist fan Roanoke Island, dat ek wol de "Lost Colony" neamd waard. Raleigh is ien fan mar in pear Amerikaanske stêden dy't út soarte pland en boud waarden om as steatshaadplak te tsjinjen. Hoewol't de stêd sûnder skea út de Amerikaanske Boargerkriich kaam, groeide de stêd de earste iuw fan har bestean mar in bytsje. Pas yn de jierren 1920, fanwege de oanlis fan in tramnetwerk, en fierdere ûntjouwings yn de jierren 1950 en 1960 groeide de stêd flink.
Berne yn Raleigh
bewurkje seksje- Rhoda Griffis (1965), aktrise
- Randy Jones (1952), sjonger
- Reginald VelJohnson (1952), akteur
- Scott Hoch (1955) golfprofessional
- Andrew Johnson (1808-1875), presidint
- Evan Rachel Wood (1987), aktrise
- Michael C. Hall (1971), akteur
Partnerstêden
bewurkje seksje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Raleigh, North Carolina fan Wikimedia Commons. |