Weeffek

(Trochwiisd fan Ranzjearbaan)

In weeffek is in kombinaasje fan in ynrydstripe en in útrydstripe, benammen by in ferkearsknooppunt yn de foarm fan in klaverblêd op autogongwegen.

In weeffek
In ranzjearbaan

Op in weeffek kinne bestjoerders ynride op de trochgeande haadrydbaan en ek útride fan dyselde rydbaan ôf. Om't bestjoerders tagelyk fan rydstripe wikselje, en dêr romte foar nedich hawwe, is it ferkearsfermogen fan in weeffek beheind.

Bestjoerders dy't fan stripe wikselje wolle (yn- of útride) moatte bestjoerders dy't yn deselde rydbaan riden bliuwe, foarrang jaan.

RanzjearbaanBewurkje

Om it trochfierfermogen te fergrutsjen, wurdt der gauris in ranzjearbaan oanlein dêr't it ferkear fan de ynrydstripe ôf en it ferkear fan de haadrydbaan ôf fan stripe wikselje kinne. Oan de ein fan de ranzjearbaan kin it ferkear fan de ynrydstripe ôf de haadrydbaan opride, of kin it ferkear fan de haadrydbaan de autodyk ôf. Dêrtroch wurdt it ferkear yn de trochgeande rjochting net fersteurd.

It measte ferkear op de ranzjearbaan sil fan de lofterstripe nei de rjochterstripe, en oarsom, wikselje. Pleatslik ferkear dat ien ôfslach fierder ride wol, bliuwt op de rjochterstripe riden. Bestjoerders dy't by fersin ôfslaan soene, of in stik file mije wolle, ride op de lofterstripe. Ranzjearbanen wurde gaurus oanlein op knooppunten yn de foarm fan in klaverblêd.