Rasphûs
In rasphûs wie in tichthûs dêr't feroardiele manljus misdiedigers hout (fral brazylhout) raspe moasten foar de ferveyndustry. Der waard reade ferve fan makke.
De rasphuzen (en soksoarte oare tichthuzen) wiene in earste besykjen om misdiedigers net allinne te straffen, mar ek troch stoef arbeidzjen en oplieding te rehabilitearjen. Dirck Volkerts. Coornhert stie oan de widze fan dizze nije foarm fan strafrjochtspleging. Yn 1596 waard it Amsterdamske rasphûs stichte, it earste fan Nederlân (en in jier letter in spinhûs foar froulju). Oare stêden yn Nederlân en yn it bûtenlân folgen it Amsterdamske foarbyld.
Gint rjochte yn 1770 in rasphûs op, it earste tichthûs yn de Súdlike Nederlannen,[1] dat fral ornearre wie om bidlers en swalkers in fak te learen sadat se harsels troch de tiid helpe koene.[2]
-
It Rasphûs yn Amsterdam yn 1662. Gravuere út Beschrijvinge der wijdt-vermaarde Koop-stadt Amstelredam fan Melchior Fokkens
-
Plan fan it Rasphûs yn Gint (om 1772)
Bekende rasphuzen
bewurkje seksje- Rasphûs (Amsterdam) (1596-1815)
- Rasphs (Gint) (1773-1935)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|