Hanns Albin Rauter

(Trochferwiisd fan Rauter)

Johann Baptist Albin (Hanns Albin) Rauter (Klagenfurt, 4 febrewaris 1895Skeveningen, 25 maart 1949) wie yn de Twadde Wrâldkriich, fan 1940 oant 1945 de heechste SS'er yn Nederlân. Rauter hie de politike funksje fan Generalkommissar für das Sicherheitswesen, mei de rang fan Höherer SS-und Polizeiführer. SS-lieder Heinrich Himmler en rykskommissaris Arthur Seyss-Inquart wiene syn superieuren. Hy wie ferantwurdlik foar de arrestaasje, tramtearring en dea fan tûzenen Nederlanners en mei-ferantwurdlik foar de deportaasje fan Nederlânske joaden. Hy waard nei de oarloch feroardiele ta de dea en by Skeveningen op de Waalsdorperflakte fusillearre.

Dit artikel is in stobbe oer twadde wrâldkriich‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Hanns Albin Rauter.

Militêre karriêre

bewurkje seksje