Raymonde de Laroche

Baronesse Raymonde de LaRoche (Parys, 22 augustus 1884 - dêre, 18 july 1919) wie in Frânsk piloate dy't yn 1910 as earste frou in soloflecht makke. Sy wie ek de earste frou dy't in fleanbrevet helle.

Raymonde de Laroche yn 1909
Raymonde de Laroche yn har Voisin, 1909

Sy waard berne as Elise Raymonde De Roche, in dochter fan in leadjitter, en hie earder ek model en aktrise west. Sy hâlde út dat sy har aadlike titel fan tsaar Nikolaas II krige hie, mar it wie al har toanielnamme doe't hja noch aktrise wie.

Keppelings om utens

bewurkje seksje