In redûte is in lytse sletten fjildskâns dy't mei útspringende hoeken boud waard. In redûte is gauris in út ierde opwurpen fersterking, mar kin ek wol fan stien makke wêze. De foarm fan in redûte kin in fjouwerkant mei fjouwer hoeken, in mearhoeke, of in rûne fêsting wêze. As in permaninte of tydlike fersterking hat er fan de sechtjinde oant de njoggentjinde iuw part west fan de militêre fêstingbou. In redûte waard ornaris bûten in fêsting boud om de bûtenste line fan de ferdigening te foarmjen en te beskermjen. Ek waarden redûten oan de kust boud om oanfallende troepen tsjin te hêlden of op syn minst op te hâlden. It ûntjaan fan moderne wapens, makke it brûken fan redûten yn de tweintichste iuw oerstallich.

Yllustraasje út 1614 fan de Devonshire-redûte yn Bermuda

It wurd redûte komt fan it Frânske redoute, dat op it Italjaanske ridotte weromgiet, dy't wer fan it Latynske reducta (fan reducere) komt, itjinge "weromlûke" betsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Commons Commons: Redoubts – foto, fideo en harktriemmen