Referindaris (Nederlân)
In referindaris wie yn it Nederlân fan de njoggentjinde iuw in haadamtner dy't lieding joech oan in ôfdieling fan in ministearje.
Yn 'e tweintichste iuw is de titel stadichoan devaluearre en úteinlik yn ûnbrûk rekke. In referendaris yn 'e njoggentjinde iuw kin lyksteld wurde oan in direkteur-generaal tsjintwurdich. By it ôfskaffen fan de titel referindaris yn de tweintichste iuw gie it om beliedsamtners en haden fan betreklik lytse ôfdielingen, ferlykber mei amtners dy't no neffens it Bezoldigingsbesluit Burgerlijke Rijksambtenaren yndield binne yn skaal 11 (gegevens 2010). In referindaris koe net allinnich wurkje by in ministearje, mar ek by in gemeente of by in provinsje en wie yn rang heger as in (haad)kommys.