Rehburg-Loccum
Rehburg-Loccum is in gemeente yn de lânkring Nienburg/Weser yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De stêd ûntstie nei in gearfoeging fan ferskate gemeentes op 1 maart 1974
Rehburg-Loccum | |
---|---|
Riedshûs | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Nedersaksen |
Lânkring | Nienburg/Weser |
Sifers | |
Ynwennertal | 10.161 (31-12-2019) |
Oerflak | 99,94 km² |
Befolkingstichtens | 102 /km² |
Hichte | 53 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.rehburg-loccum.de |
Stedsyndieling
bewurkje seksjeDe stêd Rehburg-Loccum bestiet sûnt 1974 út de folgjende plakken (Ortsteile):
- Bad Rehburg
- Loccum
- Münchehagen
- Rehburg
- Winzlar
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Bad Rehburg hat in histoarysk kuerkompleks dat bestiet út baaiynrjochtings, in museum oer de baaikultuer, útstallingsromtes en de 19e iuwske Friederikenkapelle. De gebouwen datearje út it tiidrek 1750-1850, mar geane op it jier 1690 werom, doe't de heilsume wurking fan de boarnen bekend waard en de Hannoverske hegerein dêr graach wêze mocht.
- It kleaster Loccum wie eartiids in sistersjinzersk kleaster en wurdt tsjintwurdich brûkt troch de Evangelische-Lutherische Landeskirche Hannovers.
- It Dinopark Münchehagen is it grutste wittenskiplike attraksje- en temapark fan Dútslân.
Musea
bewurkje seksje- Heimatmuseum (Rehburg)
- Weef- en Tekstylmuseum (Loccum)
-
Sint-Joaristsjerke, kleaster Loccum -
Münchehagen: Dinopark -
Loccum: restaurearre wynmûne -
Feangebiet by Rehburg -
Winzlar: kriichsmonumint
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rehburg-Loccum fan Wikimedia Commons. |