De Reiderskâns is in skâns út de Tachtichjierrige Oarloch by de buorskip Reide, noardeast fan Termunten yn Grinslân, op de saneamde Punt fan Reide.

De skâns waard boud troch Caspar de Robles (1569), en troch Willem Loadewyk op 24 juny 1589 beset, as ôfwar tsjin de Spaanske útfallen út Grins. It Fryske garnizoen lei dêr yn de jierren 1591 - 1594 - wilens wie de skâns útboud ta in grutte fersterking mei fjouwers bastions en hie it in muntslach - en hie as opdracht om de skipfeart op de Iems te kontrolearjen. Tegearre mei de skâns fan Oterdum moast it Spaanske Grins ôfsluten wurde fan de bûtenwrâld. By de floed fan 1597 is de Reiderskâns ferdwûn. De Reiderskâns is yn de 19e iuw ûntmantele. Allinnich de kontoeren jouwe noch oan wêr't de skâns stien hat.

Om't de Reiderskâns isolearre, dochs strategysk oan de Iems lei, en om it Frysk garnizoen te finansierjen en de Fryske ynfloed yn de Ommelannen te fergrutsjen yn it neidiel fan it "Spaanske" Grins waard besletten om Fryske munten op de Reiderskâns te slaan. Fan 1591 oant 1597 waarden munten lykas liuwedaalders, earnsryksdaalders en Hongaarske dukaten slein op de Reiderskâns[1]. Doe't Grins mei de Reduksje fan Grins op 22 july 1594 yn Steatske hannen foel, naam it strategysk belang fan de Reiderskâns ôf. Doe't de skâns yn 'e hjerstmis fan 1597 swier skeind rekke, hold de muntslach dêr tenei op.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Https://www.numismatischekringfrisia.nl/friese-muntslag
  2. http://munthunter.nl/viewtopic.php?f=8&t=15413%7Chier