Rein (delslach)
Rein is in foarm fan delslach, krektas snie (iiskristallen) en heil (beferzen rein). Meiïnoar wurdt dit ek wol himelwetter neamd.
Untstean
bewurkje seksjeFoar de foarming fan delslach binne yn it earste plak wolken nedich, dy bestean út al as net ûnderkuolle dripkes of iiskristallen dy't ûntstien binne troch kondinsaasje of sublimaasje. Dizze eleminten wurde wolke-eleminten neamd en hawwe in trochsneed fan inkele μm (1 μm = 0,001 mm). Om wier del te slaan moatte de ôfmjittings fan de ûnderkuolle dripkes yn in wolk tanimme, sadat sy oergean yn delslacheleminten dy't in trochsneed hawwe fan teminsten 100 à 200 μm.
It ûntstean fan wolken giet faak tegearre mei fertikale bewegings dy't yn gong ferskille kinne fan inkele sm/sek oant meardere meters/sek. Om't wolke-eleminten falsnelheden hawwe fan mar sawat 1 sm/sek, is it needsaaklik dat dy gâns oangroeie, sa't sy troch in wolk falle kinne. Ferdamping yn de net-kondinsearre lucht ûnder de wolkebasis kinne oerlibje en de grûn as storein, rein, ensafuorthinne berikke. De foarming fan relatyf lytse delslachdrippen út tige grutte hoemannichten úterst lytse wolkedrippen wurdt troch in twatal prosessen realisearre: it koalesinsje-proses en it Wegener-Bergeron-Findeisen-proses.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rain fan Wikimedia Commons. |