Reinwâld

(Trochferwiisd fan Reinwâlden)

In reinwâld is in boskich ekosysteem mei it hiele jier troch in protte delslach. Der binne twa haadtypes reinwâld: tropysk reinwâld en tuskenbeiden reinwâld. As minimum foar in reinwâld wurdt útgien fan 1400 of sels 2500 milimeter rein, mei in beskaat minimum alle moannen: as de rein ûngelikens oer it jier ferdield is wurdt praat fan in moessonbosk. In dizewâld kin like wiet wêze as in reinwâld, mar it wetter komt yn dat gefal yn in oare foarm as rein.

Dizewâld by Nanegal, Ekwador

Reinwâlden komme oer de hiele wrâld foar, sawol yn in tuskenbeiden klimaat as yn de tropen. Yn dat lêst gefal wurdt praat fan in tropysk reinwâld.

Tropyske reinwâlden

bewurkje seksje
 
Fersprieding fan tropysk reinwâld oer de wrâld

De grutste tropyske reinwâlden komme foar yn de Amazônebekken, yn de kontreien om de evener yn de Demokratyske Republyk Kongo en yn Yndoneezje.

Kambodja bestiet foar ûngefear 52% út reinwâlden. It sintrale plato yn it suden fan Yndia is begroeid mei reinwâlden fan palmbeammen dy't oan de reineftige súdwestkust lizze. Dy reinwâlden beslagge sa'n 14% fan it totale lânoerflak.

Reinwâlden yn de tuskenbeiden klimaatsône

bewurkje seksje

Reinwâlden yn de tuskenbeiden klimaatsône komme foar yn Noard- en Súd-Amearika, Oseaanje (Tasmaanje en Nij-Seelân), dielen fan Jeropa, Sibearje en oare dielen fan noardlik Aazje.