Religieuze teksten yn natoerreligys

Religieuze teksten yn natoerreligys binne gjin algemien ferskynsel, om't in protte fan de oangeande kultueren nea in skrift útfûn hawwe. Der binne lykwols in pear dúdlike útsûnderings op dy regel.

De bekendste natoerreligy mei religieuze teksten is sûnder mis dy fan Maya's, fan Belize, Gûatemala en súdlik Meksiko, dy't in eigen hieroglifeskrift ûntwikkelen. Harren skeppingsferhaal is fêstlein yn harren hillige boek, de Popol Vuh ("It Boek fan 'e Rie"), dat skreaun is yn it Quiché. De Maya-hânskriften waarden systematysk ferneatige troch de roomsk-katolike Spaanske misjonarissen yn 'e 16e en it begjin fan 'e 17e iuw. Oarspronklik moatte der hûnderten Maya-boeken oer harren religy en kultuer bestien hawwe, mar fierwei it grutste part waard ferbaarnd troch lju lykas de fransiskaanske mûnts Diego de Landa, dy't bygelyks yn july 1562 yn Maní, by it tsjintwurdige Ticul op it Meksikaanske skiereilân Yucatán, de ferneatiging beoardere fan 27 mei hieroglifen beskreaune boekrollen en fiiftûzen bylden. Iroanyskernôch is in grut part fan 'e hjoeddeiske kennis oer de prekoloniale kultuer fan 'e Maya's ôfkomstich út it boek Relación de las Cosas de Yucatán ("Ferbân fan de Dingen fan Yucatán"), dat skreaun waard troch dyselde Diego de Landa.

Mar in pear hânskriften hawwe dizze ferneatiging troachstean. De Popol Vuh waard yn 't earstoan ek ferlern waand, mar yn 1702 waard in hânskrift weromfûn - of waard Jeropeänen foar it earst tastien om it te sjen - yn Chichicastenango, yn Guatemala. Alle hjoeddeiske, Westerske kennis oer de Popol Vuh is ôfkomstich fan in wurdlike kopy en in oersetting yn it Spaansk fan dit iene hânskrift, troch de dominikaanske mûnts Francisco Ximénez, dy't behalven Spaansk ek trije Mayaanske talen, Quiché, Cakchiquel en Tzutujil, spruts. It hânskrift sels is letter ferdwûn, mar it is mooglik dat it noch bestiet en sels dat der noch oare hânskriften besteane, dy't oan hjoed de dei ta foar bûtensteanders ferburgen holden wurde. De kopy en oersetting fan Ximénez rekken sels ek wei yn 'e Guatemalteekske Boargeroarloch fan 1826-1829, mar waarden yn 1854 by tafal weromfûn troch de Eastenrykske ûndersiker Carl Scherzer. Pas neidat de Frânske abt Brasseur de Bourbourg de Popol Vuh in pear jier letter oerset hie yn it Frânsk, rekke it lykwols rûnom bekend.

De oarspronklik ek yn it Quiché skreaune Titulo de los Señores de Totonicapán ("Titel fan 'e Hearen fan Totonicapán") kin beskôge wurde as in befêstiging fan en oanfolling op 'e Popol Vuh. Ien fan 'e skriuwers fan dizze tekst, Diego Reynoso, wie yn 1524 tsjûge fan 'e ferwuostging fan 'e Quiché-haadstêd Utatlán troch de Spanjerts. De Titulo waard om 1554 hinne skreaun en twa iuwen letter oerset yn it Spaansk troch in Yndiaanske preester. Noch in oar wichtich Maya-hânskrift is de Chilam Balam, in yn it Yucateeksk fêstleine kodeks besteande út mystike teksten, gronologyen en oan 'e preester Chilam Balam taskreaune profesijen.

Oare natoerfolken mei in eigen skrift

bewurkje seksje

Der binne noch ferskate oare foarbylden fan natoerfolken dy't in eigen foarm fan skrift ûntwikkele hawwe. Yn al dy gefallen hienen, krekt as by de Maya's trouwens, allinne de sjamanen der kennis fan. Sa koenen ek de Azteken fan sintraal Meksiko in foarm fan hieroglifeskrift, dy't se oernommen hienen fan 'e fierhinne troch harren assimilearre en folle âldere kultuer fan 'e Tolteken. De Azteken brûkten harren hieroglifen lykwols allinne foar ynskripsjes op gebouwen en foarwerpen en produsearren nea boeken.

Ek de sjamanen fan 'e Bataks fan noardlik Sumatra ûntwurpen in lânseigen skrift, dat útslutend brûkt waard om tsjoendersspreuken en oare sjamanistyske wiisheid op te tekenjen. De dongba, de sjamanen fan 'e Naksi fan súdwestlik Sina, leinen al mear as tûzen jier lyn it skeppingsferhaal fan har folk fêst yn in troch harsels ûntwikkele skrift fan piktogrammen. In soartgelikens skrift waard ûntwikkele en wurdt hjoed de dei noch brûkt troch de sjamanen fan 'e Shui fan súdlik Sina. Ek it unike karakterskrift dat de sjamanen fan 'e Lolo, út 'e selde regio, yn 'e trettjinde iuw ûntwurpen, is noch altyd yn gebrûk.

De sjamanen fan 'e Polynezyske Rapa-Nui fan Peaske-eilân ûntwikkelen ek in eigen skrift, it saneamde Rongorongo, dêr't de betsjutting fan ferlern gien is en dat noch altyd net hielendal ûntsifere is. En de Midewiwin, it Grutte Medisyngenoatkip, dat bestie by guon Noardamerikaanske stammen yn it westen fan it gebiet fan 'e Grutte Marren, lei syn lear en lieten en ynstruksjes foar syn leden fêst yn in eigen skrift, in piktogrammeskrift dat mei biennen stiften yn oprôlbere stikken bjirkebast krast waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • W. Bernhardson, Chile & Easter Island, Hawthorn, 1997.
  • A. Borsboom en A. Ploeg, Stille Zuidzee, Amsterdam/De Haach, 1992.
  • T. Brosnahan en N. Keller, Guatamala, Belize & Yucatán - La Ruta Maya, Hawthorn, 1997.
  • Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, ûnder redaksje fan R. Collins, Amsterdam, 1995.
  • C. Fuentes, De Spaanse erfenis - Vijf eeuwen Spaanse invloeden in Latijns Amerika, Houten, 1992.
  • J. Keulen:
    • Guatemala, Amsterdam/Den Haach, 1994.
    • Mexico, Amsterdam/Den Haach, 1989.
  • W. Kielich, Volken en Stammen - Indonesië, Amsterdam, 1976.
  • B. Mayhew en Th. Huhti, South-West China, Hawthorn, 1998.
  • J. Noble en oaren, Mexico, Hawthorn, 1998.
  • R. Storey en oaren, China, Hawthorn, 1998.
  • P. Turner en oaren, Indonesia, Hawthorn, 1997.
  • M. Wood, Op Zoek naar de Bronnen van Onze Beschaving, Utert, 1993.
  • H. Wouters, Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.