Renze de Vries
Renze de Vries (Mearum, 5 oktober 1930 – Assen, 8 maaie 2012) wie in bargehanneler en waard yn de jierren tachtich bekend as foarsitter fan FC Groningen.
Wie ek lid fan it seksjebestjoer Betelle Fuotbal fan de KNVB, waard foarsitter fan FC Grins yn it jier dat de klup yn de earedifyzje werom kaam. Dêrnei waard Grins in nasjonale subtopper en helle it yn Europa trije kear de achtste finales fan de UEFA Cup. Neidat yn 1989 in swart jild-affêre oan it ljocht komd wie trede De Vries werom as foarsitter. Hy ûntkende net dat hy mei swart jild saken dien hie, mar ornearre dat hy yn it belang fan de club hannele hie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|