Resepsje-estetyk
Resepsje-estetyk of resepsje-estetika is in yn de sechstiger jierren ûntstiene dissipline yn de literatuerwittenskip dy’t ûndersiket hoe’t in tekst of keunstwurk troch harker, lêzer of sjogger ûntfongen wurdt. Hans Robert Jauss (Literaturgeschichte als Provokation, 1970) en Wolfgang Iser (Die Appellstruktur der Texte, 1970) yntrodusearren dy nije, op de lêzer rjochte ûndersyksmetoade (de "Konstanzer Schule"). Se stelden in skema op wêrmei’t de resepsje, de wize dêr’t wat op ûntfongen wurdt troch it publyk, fan in literêr wurk ûndersocht wurde koe. Dy streaming kin sjoen wurde as in reaksje op literatuerbeneiering dêr’t analize en ynterpretaasje sintraal by steane.
Metoade
bewurkje seksjeIt skema sjocht der sa út:
Auteur → Tekst → Lezer
De pylken steane dêrby foar de oergong, de oerdracht.
It wichtichste doel fan dit systeem is it fêststellen fan de sekundêre betsjutting fan in tekst yn in beskate tiid en op in beskaat plak.
Der wurdt mei dit systeem in manier oanlange om ien fan de wichtichste eigenskippen fan in masterwurk te tsjutten. Jauss leit út dat de ferwachtingshoarizon dat is wat de lêzer ferwachtet binnen in beskaat ramt dat foarme wurdt troch itjinge dat as noarm oan in tekst taskreaun wurdt, de relaasje dy’t lein wurdt mei lyksoartige teksten en de libbensûnderfining fan de lêzer. As in beskate tekst ticht by dy ferwachtingshoarizon leit sit der net folle ferrassends yn, mar as er fier fan dy hoarizon ôf stiet betsjut dit dat it in (potinsjeel) masterwurk is.
Yn in tekst bart dit troch lege stikken yn de tekst te litten, dy’t de lêzer dan sels ynfolje kin. Dat is ek de reden wêrom’t in ferfilming fan in boek foar persoanen dy’t it boek lêzen hawwe faak ôffalt.
Yn it boppesteande kin it wurd tekst ferfongen wurde troch keunstwurk, en lêzer troch skôger, foar it brûken yn de keunstskiednis.