Ribaudequin
Ribaudequin, ek wol rabauld, ribault en ribaudkin neamd, is in âld stik geskut út de 14e- en 15e iuw.
Mei in ribaudequin wurdt in wapen oantsjut wêrby't de protte gewearlopen, fan in betreklik lyts kaliber, in buizebondel foarmje. Fanwege de oerienkomsten mei in oargel wurdt sa'n wapen ek oargelgeskut [1] of oargelkanon neamd. De gewearlopen waarden nei it laden tagelyk ôffjurre. It wapen wie yn 't foarste plak bedoeld tsjin militêre persoanen.
Yn de praktyk waarden ribaudequins meastentiids op analoge affuten set, lykas dy ornearre foar de normale kanonnen, sadat harren beweechberens en presisy like swier wiene. De protte lopen soargen foar in langere laadtiid as dy fan gewoane kanonnen. Ek wie it meitsjen fan dit soarte geskut djoerder as fan gewoane kanonnen.
Foar safier witten waard de ribauldequin foar it earst brûkt yn 1339 troch it leger fan Edwert III fan Ingelân yn Frankryk ûnder de Hûndertjierrige Oarloch. Edward's ribauldequins hiene tolve lopen dy't tagelyk salvo's fan tolve kûgels ôffjurren. Der hawwe ribauldequins west mei oant 39 lopen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Militêr wurdboek, dbnl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|