Ribe
Ribe is in stêd en eadere gemeente yn Denemark. Oant 2007 wie Ribe it haadplak fan 'e provinsje mei deselde namme. Tsjintwurdich heart Ribe by de gemeente Esbjerg.
Ribe | ||
Domtsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
Gemeente | Esbjerg | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.365 (2023) | |
Oar | ||
Stifting | 704-710 | |
Postkoade | 6760 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | 55° 19'N 8° 46'E | |
Offisjele webside | ||
Hiemside Ribe | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeRibe is net allinne de âldste stêd fan Denemark, mar fan hiel Skandinaavje. It plak waard yn 710 nei Kristus as merkdelsetting fan Friezen en Wytsings stifte. Yn dy tiid wennen der in soad Friezen yn 'e krite. Dat wiene Friezen dy't net foar de Franken en de kristenen bûgje woene en nei gebieten eastlik fan 'e Lauwers flechten. In part dêrfan sil nei alle gedachten troch it Waadgebiet fierder noardlik om in nije bestean socht ha, fier fan 'e Frankyske fijân. Argeologyske fynsten ûnderstypje dy Fryske trek nei it noarden.
Oan it begjin fan 'e 8e iuw ûnstie noardlik fan it doetiidske Noard-Fryske waadgebiet de hannelsdelsetting Ribe. Yn Ribe waarden in soad Fryske munten fan it Wodan mûnster fûn. Dy saneamde skeatta's waarden lokaal slein en kinne yn 'e 8e iuw en it begjin fan 'e 9e iuw datearre wurde. Tsjin it ein fan 'e 8e iuw krigen Deenske kenings mear fet op Ribe.[1]
Yn it begjin waard op it plak in grut part fan it jier hannel dreaun troch keaplju. Der wie in kaai foar it oanlizzen fan skippen en in paad fan hout mei tinten oan 'e kant foar de keaplju. Letter krige de delsetting in fêst karakter en waarden der hûzen en wurkplakken boud.
De misjonaris Ansgar liet yn 840 in earste tsjerke yn Ribe bouwe, dat yn dy tiid ien fan de meast belangrike plakken fan hiel Skandinaavje wie. Sûnt 1117 wie Ribe de sit fan it roomske bisdom Ribe. Op it plak fan de foargonger waard yn 1150 útein set mei de bou fan de hjoeddeiske domsjerke. It boumateriaal wie lykas ek in soad romaanske tsjerken yn Fryslân dowestien út 'e Eifel. Oant de 16e iuw bleau Ribe in belangrike hannelstêd.
De stêd waard yn 1043 troch de Abodriten plondere en tusken 1176 en 1402 ferneatigen sân stedsbrannen grutte dielen fan 'e stêd, mar Ribe wist der jimmeroan wer boppeop te kommen en sa ek fan 'e pest, dy't yn 1350 Ribe teheistere. Grutte oerstreamings lykas de Sint-Marsellusfloed fan 1362 en de stoarmfloed fan 1512 brochten grutte skea. Tsjin it ein fan 'e 15e iuw wennen likernôch 5.000 minsken yn Ribe en dêrmei hearde de stêd ta de gruttere stêden fan Noard-Europa.
De stêd krige yn 1496 in nij stedhûs, dat hjoed-de-dei it âldste stedhûs fan Denemark is. Dochs ferlear de stêd stadichoan syn betjutting foar de Deenske seehannel. De hannelsrûtes ferskoden en Kopenhagen en oare plakken kamen op. It ynwennertal sakke hieltiten mear.
De grutte brân fan 1580, fjouwer pestútbraken en ferskillende oerstreamings, wêrfan de Burchardifloed yn 'e nacht fan 11 nei 12 oktober 1634 (mei in 6,1 meter hege wetterstân) de alderslimste wie, setten de delgong foar de hannelsstêd yn. Troch de pestepidemy fan 1659 ferlear de stêd in tredde diel fan 'e ynwenners. Ek de oarloggen mei Sweden yn 'e 17e iuw brochten de stêd earmoede. Doe libben noch mar 2.000 minsken yn Ribe en dat soe sa oant it begjin fan 'e 19e iuw bliuwe. Dêroan is it wol te tankjen dat Ribe syn âlde karakter koe behâlde. Der wie nammers gjin jild foar nijbou en der wie gjin ferlet fan nije wenten.
Yn 1808 besetten troepen fan Napoleon de stêd. Ek de Trijejierrige Oarloch om Sleeswyk yn 1848-1851 en de Dútsk-Deenske Kriich fan 1864 lieten Ribe net mei rêst.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1500 | 1591 | 1641 | 1672 | 1769 | 1801 | 1850 | 1901 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 5000 | 4500 | 3500 | 2000 | 1827 | 1994 | 2984 | 4243 |
Jier | 1974 | 1980 | 1985 | 1990 | 1995 | 2000 | 2006 | 2010 |
Ynwenners | 8256 | 8051 | 7981 | 7872 | 8234 | 8112 | 8081 | 8188 |
De ynwennertallen fan foar de 18e iuw binne rûzings, de rest folkstellingen. Sûnt 1970 binne der allinne sifers beskikber fan de gemeente Ribe.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeRibe is bekend fanwegen de goed bewarre binnenstêd mei de romaanske en letter goatysk útwreide domtsjerke, it letgoatyske riedshûs (1496) en it dominikaner kleaster út 'e 13e-15e iuw. De Taarnborg is in renêssânse stedskastieltsje út de jierren 1570-1580. Oan 'e noardwestlike stedsrâne binne de resten fan it Slot Riberhus te sjen, dêr't allinne noch de grêft en de bolwurken fan bewarre bleaun binne.
Musea
bewurkje seksje- It Museet Ribes Vikinger stiet yn it sintrum fan Ribe op it plak, dêr't yn 710 de earste merk stifte wie.
- It Ribe VikingeCenter is in iepenloftmuseum, dêr't de kultuer fan 'e Wytsings útbylde wurdt. It museum lit bygelyks de merk fan Ribe út 720 en it stedsje Ribe fan 825 sjen.
- Ribe Keunstmuseum
- Heksemuseum
- Jacob A. Riismuseum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en/of oare literatuer, sjoch: op dizze side.
|