Ridderhofstêd Oudaen

Oudaen (Oudaan) wie in ridderhofstêd yn de provinsje Utert yn de gemeente Stichtske Fecht, lizzend oan de Fecht. It is sûnt 2000 yn besit fan de famylje Brenninkmejer.

Oudaen fan de sydkant
Wapen fan Oudaen

Oer de oarsprong en de betsjutting fan de namme Oudaen bestean ferskillende opfettings. De namme soe te krijen hawwe mei it rivierke de Aa, dat him destiids by it kastiel ôfsplitste en nei de hjoeddeiske bêding fan de rivier de Aa streamde. Oaren lizze ferbân mei it Keltyske wurd ane, dat feanpoel of sompe betsjut.

Kastiel Oudaen

bewurkje seksje

Kastiel Oudaen leit oan it Zandpad, in earder jaachpaad op de rjochter ouwer fan de Vecht, tusken Maarssen en Breukelen. It kastiel is krektas in soad oare kastielen ea begûn as fersterke wentoer. Nei alle gedachten sil it ± 1300 stifte wêze troch it laach Van Loenersloot. Dy namme dûkt yn 1336 foar it earst op as eigner fan it kastiel. It militêre karakter fan de fersterke toer feroare meidat de besitters foaroansteande funksjes krigen by it proasdijgerjocht en it kapittel fan St. Pieter yn Utert, en it kastiel mear en mear de funksje krige as bûten fan de Utertske stedsbestjoerders. Dêrnei waard Oudaen mear in agraryske ûndernimming, faak bewenne troch in húswarder. Sadwaande hie it kastiel ek neat te lijen fan oarlochsgeweld, sels net yn it rampjier 1672 doe't meardere kastielen ferwoaste waarden troch de Frânsen.

De lêste Fan Loenersloot dy't op it kastiel wenne wie Zweder van Loenersloot dy't it nei syn dea yn 1429 neiliet oan syn suster Alijt. Hja boaske Dirck Taets, wêrmei't it kastiel yn dit laach ynbrocht waard. Dizze Dirck wie ek eigener fan it stedskasteel Soudenbach yn Utert, dat letter ek de namme Oudaen krige. Yn 1451 erfde Cornelia Taets it kastiel en troch har houlik mei Frederick fan Drakenburg kaam it besit yn syn famylje. De lêste froulike telch út it laach Drakenburg, Josina, erfde yn 1520 it kastiel en hja boaske Dirck fan Zuylen fan de Haer. Yn 1536 waard it kastiel erkend as ridderhofstêd.

Begjin 17e iuw komt it hûs yn it besit fan de famylje van der Burch, trochdat Jacob van der Burch trout mei Johanna van Sneeck, waans heit yn 1578 it kastiel kocht hie. Oan dizze famylje hat Oudaen in soad te tankjen. Yn it earste plak in grutte restauraasje en modernisearring troch Jacob en yn 1672/1673 waard it kastiel net troch de Frânsen ferwoaste omdat de famylje Roomsk wie. De súdlike fleugel fan it gebou is it âldste diel út ± 1300. Dit part is ek wat grutter as it noardlike diel, dat sa'n 150 jier letter boud waard. Dêrnei hawwe der in soad ferbouwings west dy't grutte ynfloed op it karakter fan it kastiel hân hawwe. De treptoer oan de efterside waard tafoege by in ferbouwing om 1575 hinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: