Rie Meijer (ek faaks stavere as Rie Meyer) (Wormer, 25 febrewaris 1934) is in earder Nederlânsk reedrydster. Meijer wie de winner fan it earste Nederlânske Kampioenskip allround foar froulju.

Rie Meijer
sporter
Rie Meijer (1956)
Rie Meijer (1956)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rie Meijer
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 25 febrewaris 1934
berteplak Wormer
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
Koartebaan
debút 1955
karriêre-ein 1962
wichtige prestaasjes
3x goud NK Allround 1955, 1956, 1959

Yn 1956 en 1959 waard se opnij Nederlânsk kampioen. Yn 1958 wie Meijer de twadde Nederlânske frou dy't op it Wrâldkampioenskip allround útkaam. Meijer socht yn de oanrin nei de Olympyske Winterspullen fan 1960 in baantsje by it Nederlânsk sanatoarium yn Davos fanwegen it gemis oan iis yn Nederlân. Op de flugge iisbaan fan Davos trainde Meijer selsstannich en op eigen kosten. Foar en yn wedstriden ried se alle Nederlânske rekôrs op de troch har riden ôfstannen oan gruzeleminten. Dizze tiden waarden lykwols net erkend as Nederlânske rekôrs troch de KNSB, om't se net yn Nederlân riden wiene. Om't, yn de eagen fan datselde bûn, Meijer fersomme hie oan te freegjen by de KNSB oft se yn Davos dy wedstriden mocht ride, telden de tiden ek net as mooglike seleksje foar de Olympyske Winterspullen en ta har grutte teloarstelling gie se net mei nei Squaw Valley. Yn 1962 stopte Meijer mei reedriden op heech nivo.


Persoanlike rekôrs

bewurkje seksje
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 49,6 30 jannewaris 1960     Eisstadion Davos, Davos
1000 meter 1.40,2 31 jannewaris 1960     Eisstadion Davos, Davos
1500 meter 2.38,0 19 jannewaris 1960     Eisstadion Davos, Davos
3 km 5.32,4 20 jannewaris 1960     Eisstadion Davos, Davos
jier NK
Koarte baan
NK
Allround
WK
Allround
1955 23ste  
1956  
1958 13e
1959  
1962 4e

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL