Rie fan de Jeropeeske Uny

(Trochferwiisd fan Ried fan de Jeropeeske Uny)

De Rie fan de Jeropeeske Uny (ek wol JU ministerrie) is it wichtichste orgaan fan de Jeropeeske Uny as it giet om beslútfoarming. Mei it Jeropeesk Parlemint is it de wetjouwende macht fan de Jeropeeske Uny.

Gearstalling

bewurkje seksje

De Rie fan de Jeropeeske Uny is gearstald út 27 ministers (fan eltse lidsteat ien) dy't har lân fertsjinwurdigje. As der stimd wurde moat dan rint de swierte fan in stim lykop mei it tal ynwenners fan it lân dat hja fertsjinwurdigje. Bygelyks in stim fan de minister fan Dútslân jildt foar 29 stimmen fan de yn totaal 345 stimmen, wylst Syprus of Letlân mar fjouwer stimmen hawwe.

Yn de Rie fan de Jeropeeske Uny sitte de ministers fan de 27 lidsteaten. Lykwols hat in minister mar ien portefueille, dat der binne ferskate riedsgearstallings (ferskate rieden). Der binne 9 ferskillende:

  • Algemiene Saken en Relaasjes om utens
  • Ekonomyske en Finansjele Saken
  • Wurkgelegenheid, Sosjaal belied, Sûnens en Konsumintesaken
  • Justysje en Ynlânske Saken
  • Konkurinsjefermogen
  • Ferfier, Telekommunikaasje en Enerzjy
  • Lânbou en fiskerij
  • Miljeu
  • Underwiis, Jongerein en Kultuer

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

Omdat de nammen Jeropeeske Rie en de Rie fan Jeropa wol bot lykje op dy fan de Rie fan de Jeropeeske Uny, is der soms frijwat betizing.