In Riederepublyk is in steat dy't bestjoerd wurdt troch 'rieden', dat wol sizze, 'sovjets' fan arbeiders, boeren en soldaten ('sovjet' is Russysk foar 'ried').

Utroppen fan de Riederepublyk Bremen
Barrikaden yn Parys ûnder de Kommune fan Parys

Dat alle macht lei yn hannen fan (autonome) rieden. Formeel wie de Sowjet-Uny fan 1922 oant 1936 in riederepublyk. Fierder wienen der yn it revolúsjejier 1919 de Bremer Riederepublyk (ein jannewaris - begjin febrewaris 1919), de Beierske Riederepublyk (april 1919), de Hongaarske Riederepublyk (maart-augustus 1919) en de Slowaakske Riederepublyk (juny 1919).

De útlis fan wat in riederepublyk wêze moast ferkilde. De evenredigen seagen it as in foarm fan demokrasy, mei ferkate partijen en belangegroepearrings yn de rie. Oaren wienen fan betinken dat beskate groepen útsletten wurde moasten. Yn de praktyk namen radikalen faak it roer yn hannen en waarden oare partijen en sels lykmoedige partijgenoaten ferwidere, sadwaande waard de rie inkeld mar in ligitimaasje fan diktatuer.

It libertêr sosjalisme en anargisme stribje nei in mienskip dy't fergelike wurde kin mei in riederepublyk dêr't demokratyske arbeidsrieden en kommunes it sûnder hiërargy foar it sizzen hawwe.