Rieks van der Velde

Rieks van der Velde (Lutjegast, Grinslân, 6 desimber 1961) is Frysk komponist, arranzjeur en dirigint.

Van der Velde wie al jong in poerbêst euphoniumspiler en lid fan it Nationaal Jeugd Fanfareorkest (NJFO). Ek wie er lid fan brassband 'De Wâldsang' út Bûtenpost. Syn stúdzje die er oan de foarhinne Muzyk-Pedagogyske Akademy yn Ljouwert mei as haadfak euphonium.

Al doe't er 18 wie dirigearre er ferskate bands en yn 1989 waard er dirigint fan brassband "De Wâldsang". Mei dy lêste band helle er hiel knappe resultaten op sawol lanlike as ynternasjonale wedstriden. Hjoed de dei (1997) stiet Van der Velde ek foar brassband "Excelsior" út Zalk en foar de Martini Brassband út Grins.

Neist it dirigearen is Van der Velde ek sjuerylid yn by konkoersen yn binnen- en bûtenlân. Fierder is er dwaande as arranzjeur en komponist en rjochte foar syn publikaasjes in muzykútjouwerij op.

Stikken foar brassband

bewurkje seksje
  • A Christmas Medley
  • Canto Religioso
  • Celtic Moods
    1. Morrison's Jig
    2. King of the Fairies
    3. The Derry Hornpipe
    4. Star of the County Dawn
    5. Anglers
  • Christmas fantasy
  • Christmas prelude
  • Crusade (Krústocht)
  • Flight UK 2029
  • Flying Mallets, foar xylofoan en brassband
  • French Christmas
  • Going West
  • Grenland Ceremonial Fanfare
  • Memories, foar kornet en brassband
  • O little Town of Bethlehem
  • The Trumpet Call (eens als de bazuinen klinken)
  • We wish you a merry Christmas
  • Concert etude

Keppeling om utens

bewurkje seksje