Rincon is de âldste delsetting op it eilân Bonêre yn Karibysk Nederlân. It doarp hat sa'n 1.788 ynwenners (25-04-2007).

Lizzing Rincon op Bonêre
De tsjerke fan Rincon

It palk is yn de 16e iuw stichte troch de Spanjerts. Sy keazen in plak yn in delling tusken de hichten oan de noardkant fan it eilân. Sa wie Rincon net fan see ôf net te sjen, wat wichtich wie as beskerming tsjin piraterij. De namme betsjut 'hoeke'.

Der binne ferskate festvals, sa as it jierlikse Simadan (rispinge)festival, Dia di San Juan, Dia di Rincon (30 april) en it Bari Festival.

Eltse moanne in merk en wykliks in lytse merk (Marshe Chikitu).

Rincon hat twa fuotbalteams: Real Rincon en Vespo.

Keppeling om utens

bewurkje seksje