Mei in ringlieding yn in keamer, in seal of in folslein gebou kin de minhearrende mei in hjoeddeistich hearapparaat it lûd fan 'e tillefyzje, de radio of in lûdynstallaasje better beharkje.

It lûd wurdt oansletten op in saneamde ringliedingfersterker. Dy fersterker stjoert it lûdsinjaal troch in tried (de ring) dy't yn in luds lâns de plinten of tsjin de keamerssouder fêstsetten is. Minhearrenden kinne har hearapparaat op de T-stân sette. Lâns de wei fan ynduksje ûntfangt it hearapparaat it sinjaal fan de ringlieding. De letter T fan T-stân ferwiist nei it Ingelske begryp Telecoil, dat hjir eat as spuoltsje op ôfstân betsjut. Dat spuoltsje fan it hearapparaat fangt de fluktuaasjes yn it machnetyske fjild om de ringlieding hinne op en it hearapparaat set dy wikselings om yn lûd. Faak hawwe hearapparaten ek noch in kombinaasjestân. Dêryn kinne se en it sinjaal fan de ringlieding en it lûd fan de omjouwing tagelyk ûntfange. Eltse yndividuele harker mei in hearapparaat of in kochleêr ymplantaat kin sa'n ringlieding triedleas brûke.

Ynstee fan in ringlieding yn 'e romte kin der ek wurke wurde mei in halsringlieding. Dy bestiet út in ludske om 'e nekke mei in ûntfanger deroan. Dy ûntfanger kin of in sinjaal fan ynfraread of in sinjaal yn in FM-radiofrekwinsje fange. Dat ludske om 'e nekke wurket krekt gelyk as dy grutte luds yn 'e seal. By it sinjaal yn ynfraread moat der "sichtkontakt" tusken ûntfanger en stjoerder wêze. Om't ynfraread net troch muorren hinne giet, wurdt dy technyk brûkt foar "besletten" gearkomsten.

Ringliedings jouwe allinne mar mono-lûd. Oer in FM-ferbining (radiofrekwinsje) kin der wol stereo ûntfongen wurde. Dêrfoar wurdt de luds om de nekke splist yn twa saneamde earheakken.

Buordsje op in Ingelsk perron

De ringlieding wurdt ek wol op plakken mei in soad leven brûkt, om bygelyks in rûnlieder better ferstean te kinnen. Sa binne der yn it bûtenlân al stasjons dêr't jo op parten fan de perrons meidielings oer sa'n ringlieding hearre kinne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje