In rispgebrûk is in gebrûk dat oant yn de 19e iuw bestie by de rispinge.

De rispinge waard eartiids feestlik ôfsluten by it ynheljen fan de lêste weide, it fersieren fan de lêste wein mei de rispmaaie; dat wie in griene tûke mei blêden of beien boppe-op de lêste wein mei hea, boekweet of rogge. Yn De Wâlden wie it faak in tûke fan de kwikkebei. It feest koe ek fierd wurde troch middel fan it genietsjen fan it heamiel of it blazen op blikkene hoarnen op de Klaai nei ôfrin fan it hjerstploeien, dat seis wiken duorre.

By de bouboer koe men ek it ynheljen fan de lêste skeaf, foarme en oanklaaid as in man. Op It Bilt waard soks 'de lais thús hale' neamd. Om dy lais (lijs, poppe) waard ta eintsjebeslút in raaidûns makke foardat it rispmiel begûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: