Hendrika Sturm (Amsterdam, 24 novimber 1917Beekbergen, 24 desimber 1998) better bekend as Rita Corita wie in Nederlânsk sjongster.

Rita Corita
sjonger en/of muzikant
Rita Corita by it Nasjonaal Songfestival 1962
Rita Corita by it Nasjonaal Songfestival 1962
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hendrika Sturm
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 24 novimber 1917
stoarn 24 desimber 1998 (81 jier)
wurkpaad
sjenre Nederlânsktalige muzyk
sjongtaal Nederlânsk
grutste hit(s) Koffie!

Se troude mei har akkordeonlearaar Coen Ooms en tegearre wiene sy it duo 'Co-Rita'. Yn 1958 hie se in hit mei Koffie! (Koffie, lekker bakkie koffie), in lietsje dat har har hiele fierdere libben efter sitte soe. Yn 1962 die hja mei oan it Nasjonaal Songfestival, de Nederlânsk foarronde fan it Eurofyzjesongfestival. Sy helle it fjirde plak mei it liet Carnaval.

Yn 1979 hie se noch in lytse hit mei it nûmer Kant aan m'n broek. Sy die in protte optredens yn it lân en waard ek faak frege foar it TROS-muzykprogramma Op Volle Toeren.

Hja wie ek bekend as panellid fan de Berend Boudewijn-show (en oare shows) yn de jierren 70 en wenne yn Beekbergen.

Rita Corita stoar mei 81 jier.

Melody Koffie!

bewurkje seksje
 

Keppeling om utens

bewurkje seksje